Winter

febrewaris 9, 2019 08:31

Resint ferskynd

Yn it ramt fan de poëzijwike skreau Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, it gedicht ‘Winter’. Mear poëzij troch de Dichter fan Fryslân en oersettingen yn it Nederlânske en Ingelsk troch Elske Schotanus en David Colmer op www.dichterfanfryslan.nl.

WINTER

Eeltsje Hettinga (foto: © Hoge Noorden / Jacob van Essen)

Amperoan in flueske yn ’e feart of
ûnder de wolvemoanne fan ’e nacht
streekje, swetsend en swearend,
oan winter syn stamtafel de wurden

de grutte barte fan de swarte marren oer,
o, man, de iene hurder noch as de oare
yn in âld besykjen en wês earst Tiid
syn ferrifeljende fûgelknip yn ’t foar.

*

Tinkend oan myn âlden en Auden, mei
snieblizzards yn de stegen fan New York
en skynsels, wrinzgjend en al dwalend
troch wytberipe hôven boppe Burchwert,

sit ik op yn in kafee by de Potmarge
en folgje, heal besopen, de flokjende
finsters dy’t as eagen út in wyt en blyn
Nimmenslân wei my op te nimmen stean.

*

Der wie in fjoer dat in heit fan de redens
spatte, doe’t er, hurder as it ljocht ûnder
Wâldsein (we sein’ noch tsjin elkoar:
‘Hee do, even kollum en burdaard, no.’)

in wek yn fleach en ergens boppe Sleat
mei deselde rotgong, fjouwerjend hast,
wer foar ’t ljocht skeat, o, fertel my wat,
fertel my wat, fadertje, fadertje, neare nacht.

*

Wat is wyt mear as blyn, seit it famke dat
mei de ezel op ’e rêch de romte achter
de dyk oars net skilderje wol as de tiid
dy’t snie is, want wy, in ferdwinen, wy,

in lytse, ûnder it iis fuortstrikende nacht-
muzyk, sa’t de taal te ferstomjen komt,
stadichwei yn dat wat him net sizze lit,
sis, it gesicht fan snie achter de dyk.

*

Dêr’t winter himsels in wek ynrydt wylst
it ljocht, foarstinne ôf, smoarch en goar
oer de wiete kaaien fan de Emma strykt,
dêr hâld ik ho by in kat dy’t, healdea,

oer de klinkerts yn de Gysbert leit en
tink – for nothing now can ever come to
any good? – oan de takomst fan myn taal,
myn Frysk yn winter syn faaie fûgelknip.

www.eeltsjehettinga.nl / www.dichterfanfryslan.nl

febrewaris 9, 2019 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.