Gedicht: De Waadfisker

febrewaris 23, 2019 09:00 Fernijd

Resint ferskynd

De Waadfisker

Foto: pixabay.com

hy libbe op it ritme fan eb en fan floed
de lytse fisker, wie doe master oer it waad
mei it boatsje op it wetter, dat siet yn syn bloed
mar sjoch, dêr is no oars net as slyk by it haad

der sit in fiskerman achter it rút oan de seedyk
syn houten boatsje leit al jierren lang drûch yn it dok
mei it boetsjen fan netten is it al krekt-en-gelyk
en fisken drûgje ek net mear op de rekken by it hok

it waad is gjin waad mear, oer in hoart leit it drûch
de âld fisker sjocht de minsken wol kommen en gean
dêr’t it wetter wie en hy al dy jierren omsloech
rinne no minsken nei it eilân ta yn loftige klean

der sit in fiskerman achter it rút oan de seedyk
en syn tinzen binne by sa’n sechstich jier ferlyn
it wurk dat wie swier, it makke de fisker net ryk
mar antlit en hannen binn’ tekene troch waar en wyn

Sjoerd F. Talsma

febrewaris 23, 2019 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.