Gearwurking VVN en Semko tsjin appen op ’e fyts

febrewaris 15, 2019 08:03

Veilig Verkeer Nederland en Underwiisburo Semko sille gearwurkje. Veilig Verkeer Nederland giet de basisskoallen yn mei it boadskip: ‘Op de fiets even niets‘.

Ofbylding: SemkoDer komme hieltyd mear ûngelokken troch it brûken fan sosjale media op ‘e fyts. Fan de brêgeklasse ôf  sjocht men bern dy’t ûnderweis mei eardopkes yn nei muzyk harkje en whatsappe of tweete. Libbensgefaarlik! Om dat boadskip breder te fersprieden sil Veilig Verkeer Nederland (VNN ) gearwurkje mei Underwiisburo Semko.

Groep 7 en 8 krije in ynteraktive ferkearsles fan twa oeren. Der binne petearen oer ferkearsgedrach. Wat binne de gefolgen fan beljen, appen en muzyk hearren yn it ferkear? Om learlingen echt fernimme te litten dat tekstberjochten stjoere en fytse net tagelyk kin, geane se dêrnei yn in oanslutende les fan Traffic Skills te fytsen yn in firtuele omjouwing. Sy krije dêrby de opdracht om in tekstberjocht te ferstjoeren. Doch dat mar ris sûnder brokken te meitsjen.

VVN en Underwijsburo Semko binne bliid mei de gearwurking. Sy sille yn Fryslân en Grinslân de skoallen yn en jouwe de bern aktyf les oer ‘Op de fiets even niets‘, mei as doel ferkearsfeiligens. De lessen begjinne mei yngong fan maart. Skoallen wurde frege om mei te dwaan.

febrewaris 15, 2019 08:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.