Fyftjin foarpremjêres yn programma Internationaal Filmfestival Assen

febrewaris 25, 2019 10:27

By it Internationaal Filmfestival Assen op 8, 9 en 10 maart binne dit jier fyftjin foarpremjêres te sjen, wêrûnder de iepeningsfilm Lazzaro Felice, Gloria Bell mei Julianne Moore yn de haadrol, Destroyer mei Nicole Kidman en de Nederlânske film God Only Knows mei Monic Hendrickx, Elsie de Brauw en Marcel Musters. Neist de foarpremjêres fertoant IFA ek Capharnaüm, publyksfavoryt by IFFR, en The Favourite en Roma, grutte priiswinners by de Oscars en de Bafta’s.

Foto: IFA

Festivals te gast
Dit jier wurket IFA foar it earst gear mei fjouwer oare filmfestivals dy’t yn Assen in gastprogramma fertoane. Programmeur Henriëtte Poelman: “Wy binne bliid dat wy dit jier gearwurkje kinne mei it Arab Film Festival Rotterdam, it Noardlik Filmfestival en de Skylger Filmdagen, dy’t binnen har eigen fokus prachtige films programmearre hawwe.” It Arab Film Festival fertoant de films Sofia en Les filles du soleil. Yn dy lêste film folget in Frânske oarlochskorrespondint froulike Koerdyske striders dy’t wraak nimme op de terroristen dy’t har earder misbrûkt ha. It Noardlik Filmfestival hat And Breathe Normally programmearre. Dy film is noch net yn Nederlân útbrocht en wie allinnich te sjen mei it Noardlik Filmfestival, dêr’t besikers de film beoardielen mei in 8,7. De Skylger Filmdagen presintearje by IFA in Filmspecial. By dy special wurdt men meinaam nei in bysûndere lokaasje yn Assen, dêr’t men yn ’e watten lein wurdt en in tapaslike film te sjen kriget. Hokker film is in ferrassing.

Dêrneist wurket IFA dit jier opnij gear mei Movies that Matter. Dat fertoant de Keniaanske film Rafiki, dy’t fanwege de lesbyske leafde yn de film yn eigen lân ferbean is. en Dirty God, dêr’t it IFFR mei iepene. Dirty God fertelt oer it bysûndere persoanlike ferhaal fan in jonge mem, dy’t nei in sâltsoeroanfol ree is risiko’s te nimmen om har libben wer op te pakken, wat de gefolgen ek binne. Nei de film is regisseur Sacha Polak oanwêzich foar in fraachpetear.

De kaartferkeap foar IFA is ûnderwilens úteinset.

febrewaris 25, 2019 10:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.