Frysk op skoalle is in bernerjocht

febrewaris 22, 2019 16:27

Sneon 9 maart sil boargeraksjegroep Sis Tsiis op ’e nij kampanje fiere foar goed ûnderwiis yn de Fryske taal. Oant no is der noch fierstente min berikt. Foar de takomst liket it belied fan Ryk en Provinsje der ek net op rjochte te wêzen dat de bern yn Fryslân rjocht dien wurdt.

Bern yn Fryslân hawwe rjocht op goed ûnderwiis yn it Frysk, de taal dêr’t se yn grutbrocht wurde of dêr’t se trochdat se hjir wenje alle dagen mei te krijen hawwe. Sis Tsiis wol dan ek folsleine lykberjochtiging fan it Frysk yn it ûnderwiis, want

Fryske bern binne lykweardich oan Hollânske bern.
Op de grutte demonstraasje op it Saailân dy’t om 15.00 oere begjint, sil it wurd fierd wurde troch Geart Tigchelaar (Sis Tsiis), Sietske Poepjes (deputearre), Sijbe Knol (FNP), Rendert Algra (CDA) en Douwe Hoogland (PvdA).

Foar de muzikale omlisting soargje de lillepipers en drums fan de Cape Breton Highlanders.

Sjoch http://www.sistsiis.frl/ foar mear ynformaasje

febrewaris 22, 2019 16:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.