Frijheidswyk-East yn Ljouwert hat heechste skiedingspersintaazje fan Fryslân

febrewaris 19, 2019 08:29

Fan alle Fryske wiken leit it persintaazje skieden ynwenners it heechst yn de buert Frijheidswyk-East yn Ljouwert. Goed ien op de fiif ynwenners hat dêr nammentlik in skieding efter de rêch. Dat persintaazje is sels sa heech dat dy buert yn de lanlike top tsien stiet fan buerten mei it heechste skiedingspersintaazje. Dy konklúzje lûkt Gecertificeerde Mediators, dat ûndersyk die nei it persintaazje skieden ynwenners yn Nederlânske wiken.

Foto: pixabay.com

De lanlike organisaasje foar mediation basearre dy konklúzje op lanlike CBS-data fan buerten mei 500 of mear ynwenners.

Heech skiedingspersintaazje net regiobûn
Yn in trochsneed buert yn Nederlân leit it persintaazje skieden ynwenners op 9,2%. Yn de Frijheidswyk-East yn Ljouwert leit dat persintaazje op 22,3%, dus fier boppe it lanlik gemiddelde.

Yn de wyk Lemmender yn Brunssum (25,1%) wenje relatyf de measte skieden ynwenners. Wiken mei in tige heech persintaazje skieden ynwenners binne ek te finen yn Venlo, Capelle aan den IJssel, Amsterdam, Den Helder en Ljouwert. Goed ferspraat oer it lân dus.

Heechbou fersus studintefêstiging
De buert “Flatwijk” yn Uden hat in heech persintaazje skieden ynwenners (22,4%). Flatwijk hat in tekenjende namme foar de trochsneed wyk mei in protte skieden bewenners. Minsken dy’t in skieding efter de rêch hawwe, wike nammentlik faak út nei buerten mei in protte heechbou. Buerten dêr’t just hast gjin skieden minsken wenje, skaaimerkje har meast troch studintehúsfêsting. Trije studintewiken yn Wageningen en ien yn Tilburch hawwe sels gjin inkelde skieden ynwenner.

Dizze en oare regionale ûndersyksresultaten binne werom te finen yn De Nasjonale skiedingsmonitor.

febrewaris 19, 2019 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.