Frâns Kuipers: Polityk profilearje

febrewaris 23, 2019 20:00

Wa’t it breed hat, lit it breed hingje! Wa’t it breed hat, kin himsels of harsels faak goed sjen litte. Jo sjogge soks bygelyks oan grutte wenningen op gruttere boukavels mei mear as ien djoere auto op it romme hiem. In foarm fan profilearjen? Sjoch ris wat wy berikt ha? Wa’t it minder breed hingje litte kin, wennet faaks yn in minder grut hûs of yn rychjeshûs fan in wenningstichting. Sa is it no ienris. Moat dat oars regele wurde troch nivellearring?

Iennichste Partij
Yn ferkiezingstiid profilearje partijen harren graach as Iennichste Partij, dy’t it it bêste foar hat mei elkenien. Dy’t it it bêste foar hat mei ús lân, mei ús provinsje, mei ús doarpen, mei ús natuer, mei ús mienskip en neam it mar op. Lês de ferkiezingsprogramma’s der mar op nei. De iene partij ropt noch lûder as de oare. Oeral hingje breedlaitsjende ‘politike koppen’ op ferkiezingsbuorden. Profilearring fan persoanen.

Leering ende vermaeck
De nijste of lêste brutsen belofte fan Kabinet Rutte-III is dat elkenien der finansjeel op foarút gean, mar dat it net sa is. Ferkearde sifers as basis foar it berekkenjen fan de enerzjyrekken fan de ‘mensen in het land’. De enerzjykosten falle € 334 heger út as foarsjoen is. Prachtich profilearringsfoer foar alle partijen. Skande! Fuort mei Wiebes! Fuort mei dit kabinet! Krantekoppen sprekke boekdielen en hast alle tv- en radiopraatprogramma’s prate dêroer mei de politike kopstikken, dy’t harren sels behindich posityf yn byld besykje te setten. Ta Leering ende vermaeck?

Krêftpatsers
Politike promininten lykas Buma (CDA), Seegers (CU), Dijkhoff (VVD), Wilders (PVV), Beaudet (FvD) en gean it hiele rychje mar lâns, sette harren sels as krachtpatsers yn de skynwerpers. It giet by de Steateferkiezingen fan dit jier om in wichtige ferskowing fan machtsferhâldingen yn de Earste Keamer, as wy de peilingen leauwe meie. Kabinet Rutte moat – sa liket it te kommen – de hân ophâlde by linkse (GL, PvdA, SP) of krekt by uterst rjochtse opposysjebazen Wilders (PVV) of Beaudet (FvD). Pakt dat net goed foar Rutte-III út, dan libbet Rutte-III net al te lang mear.

Unbekend is ûnbemind
Om bekend of noch bekender te wurden, sykje politisy fia kranten, telefyzje mar foaral fia sosjale media (Twitter, Facebook, Instagram) de oandacht fan it kiezersfolk. Harren persoanlik profyl binne se dan oan it oandikjen. Der binne guon dy’t soks besykje te berikken troch in kweken fan in burdsje of in oar kapsel. Soks stiet boartlik, tagonklik en ek in bytsje stoer. Unbekend is ûnbemind? Besjoch Klaas Dijkhoff (VVD) syn krêftich burd, of it tinne burdsje fan Eric Wiebes (VVD-minister fan ekonomyske saken). Sûnt syn Grinzer Gas Geblunder ferpoft er it om him te skearen?

Tichterby
Tichter by hûs kinne we bygelyks sjen dat Sander de Rouwe (listlûker CDA) syn burdsje net goed trochgroeie wol, mar hy is noch jong. Trochsette. Sander laket eins altyd, krektlyk as Mark. Debuteare Sander de Rouwe stiet altyd bliid en freonlik op foto’s en fynt alles prachtich! Hy ‘liket derop los’ op Facebook. De oare manlike deputearren wurkje leaver op de eftergrûn. Sy litte harren yn de media net sa folle sjen of fan har hearre. Politike froulju ferheegje werkenberens – lês harren profyl – troch der bygelyks elke dei oars út te sjen troch in opfallend jurkje, pantalon of tweetjaske. It oars dragen fan it hier kin ek profilearjend wurkje. In fleurich huodsje wol ek wolris helpe.

Kiezersfolk
In goed profyl of in goed byld fan immen, bliuwt by de minsken hingjen. Dat wurket oan twa kanten. In flater bliuwt langer hingjen by de minsken, de kiezers, as in goeie died. Byldfoarming is soms misliedend. De measte minsken – lês de measte kiezers – wolle hiel gewoan witte wat de partij foar harren sels betsjut, foar harren wenkrite, foar harren doarpsmienskip, harren stedswyk, ensafierder. It giet it kiezersfolk foaral om mear en dúdliker wissigens te krijen oer sosjaal-ekonomyske en soarchfoarsjenningen, oer ûnderwiismooglikheden foar harren bern, ensafierder.

Effekten
Flot oerkomme mei moaie praatsjes en fleurige foto’s kin ferkeardom wurkje. Yn blauwe pakken stutsen politisy mei oppoetste puntskuon, komme faak as ‘glêde praatsjemakkers’ oer by it folk. Soks wurket krektoarsom as de bedoeling wie. Glêde, grutte limousinen helpe ek net foar in krekte byldfoarming. Doch mar gewoan, fine de measte kiezers. Sa bin iksels gjin foarstanner fan ferkiezingsplakkaten mei glemmer foto’s fan persoanen. De namme fan de partij moat genôch sizze en betrouber wêze. In twitterke mei in moai plaatsje liket folle effektiver. Is in twitterke of in moaie foto-poster effektiver? Wy sille it fernimme op 20 maart oansteande.

febrewaris 23, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.