Foarlêskampioenen Noardwest-Fryslân

febrewaris 16, 2019 10:30

efter: sjueryleden Lydie Sonsma, Tjitske van der Velde en Nel Haarsma, foar: Tim Jorn Stienstra, Teddy Dijkstra en Seraya Broersma. Foto: Biblioteken Noard Fryslân

Woansdei 13 febrewaris holden de Biblioteken Noard Fryslân harren regiokriich fan de nasjonale foarlêswedstriid yn de Koarnbeurs yn Frjentsjer. Bern fan sechtsjin basisskoallen yn Noardwest-Fryslân namen it tsjininoar op om in plakje yn de provinsjale omloop te krijen. De bern dy’t meidiene, wiene op harren eigen skoalle al foarlêskampioen wurden. It gie om de skoallen fan Achlum, Bitgummole, Dronryp, Frjentsjer, Harns, Menaam, Mullum, Seisbierrum, Sint-Anne en Wjelsryp. sechtjin mei-inoar. Sittend yn in moaie stoel yn in prachtige teaterseal liezen de bern in fragmint út in berneboek foar dat se sels útkeazen hiene.

Sjuery
Hanneke Sinnema en Maureen van Meegdenburg, beide lês- en mediakonsulint by de biblioteken fersoargen de presintaasje. De sjuery waard foarme troch wethâlder Nel Haarsma fan Waadhoeke en twa oare konsulinten Tjitske van der Velde en Lydie Sonsma.

Utslach

efter: Seraya Broersma, Piter Murk de Groot en Tim Jorn Stienstra, foar: Teddy Dijkstra. Foto: Biblioteken Noard Fryslân

Wat it nivo oanbelange ûntrûnen de foarlêzers inoar net folle. Winners waarden:

  1. Teddy Dijkstra, Martenaskoalle, Bitgummole
  2. Seraya Broersma, Toermalijn, Frjentsjer
  3. Tim Jorn Stienstra,’t Fonnemint, Sint-Anne

Provinsjale omloop
Berneboargemaster fan Waadhoeke, Piter Murk de Groot, rikte de prizen út. Teddy Dijkstra giet nei de provinsjale omloop op 9 april op De Gordyk. Wa’t dêr de winner wurdt sil Fryslân op de lanlike finale fertsjintwurdigje. Dat is op 22 maaie yn Amstelveen.

Lêzen is moai
De Stichting Lezen dy’t de kriich mei de iepenbiere biblioteken organisearret, wol in breed publyk sjen litte dat foarlêzen net allinne belangryk is, mar benammen ek o sa moai.

 

 

 

 

febrewaris 16, 2019 10:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.