Foarjiersfakânsje yn Natuermuseum Fryslân

febrewaris 16, 2019 10:28

Op it stuit is Swim Fish Swim! te sjen yn it Natuermuseum Fryslân, in ynteraktive foarstelling foar de hiele húshalding oer fiskmigraasje. Spesjaal foar de foarjiersfakânsje binne der ferskate ekstra aktiviteiten oer dat ûnderwerp mei as titel: Gean as in fisk oer eltse hindernis!

Ofbylding: Natuermuseum Fryslân

Dat fûgels trekke (migrearje) en ferskate trekrûten hawwe om te oerwinterjen of har fuort te plantsjen, witte de measte minsken wol. Mar dat fisken ek trekke is minder bekend. Fisken migrearje troch fan swiet nei sâlt wetter te swimmen – en krektoarsom – om te pearjen en har fuort te plantsjen. Op de reis dy’t de fisken meitsje, komme se ferskate tûkelteammen tsjin. Yn de útstalling Swim Fish Swim! leit de klam op boukundige obstakels dy’t de fisktrek behinderje, lykas dammen en diken. Mar der binne ek oare obstakels lykas sterke streaming, fersmoarging, fijannen, boaten en fiskers.

Yn de foarjiersfakânsje krûpe bern yn de skobhûs fan in fisk en ûnderfine se sels hoe’t se de tûkelteammen út de wei romje kinne troch in luchtkessenparkoers ôf te lizzen. Wat dogge je bygelyks as der in sterke streaming stiet? Je moatte dan in protte krêft hawwe om der tsjinyn te swimmen. En wat dogge je as je ynienen foar in slûs lizze, betize reitsje yn in fûke of iten sykje moatte yn fersmoarge wetter?

It Natuermuseum wurket yn de foarjiersfakânsje gear mei de Waadferiening. Natuermonuminten en it IVN binne ek fan de partij. Neist de aktiviteiten yn it Rabobank Atrium wurde der yn it leslokaal op souder ferskate wurksjops oanbean. Mear ynformaasje oer it programma is tsjin dy tiid op de webside te finen.

De foarjiersfakânsje rint fan 16 febrewaris oant en mei 3 maart. Krekt as oare jierren is der de aksje Help pake en beppe de fakânsje troch. Bern krije op fertoan fan pake of beppe (of in oare folwoeksene) fergees yntree.

febrewaris 16, 2019 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.