Foarearst net mear geiten yn Fryslân

febrewaris 15, 2019 09:02

De Provinsje Fryslân fan Fryslân is nei in advys fan GGD Fryslân dwaande om de geitehâlderij oan bannen te lizzen. Der meie foarearst gjin nije bedriuwen by komme en besteande meie net útwreide wurde salang’t der noch gjin dúdlikens is oer de effekten op de folkssûnens. It omskeakeljen fan besteande feehâlderijen nei geitehâlderijen falt dêr ek ûnder. De Feroardering Romte sil yn july troch de Steaten oanpast wurde.

Wetterbêdeffekt
Deputearre Johannes Kramer: “Wy nimme it advys fan de GGD hiel serieus om’t it om de folkssûnens giet. Dêrom nimme we út foarsoarch dit tydlik beslút. It tariedingsbeslút mei tydlike stop jout de Provinsje de tiid om goed te sjen nei wat der krekt te rêden is en in perioade fan ynspraak troch te rinnen. Wy binne de njoggende provinsje dy’t in tydlike stop ynstelt. Dat dogge we ûnder mear om in soarte fan wetterbêdeffekt foar te kommen, dat ûntstiet as geitehâlders út oare provinsjes nei Fryslân komme.” It tal geiten nimt hurd ta. Yn Nederlân binne no 45% mear geiten as fiif jier lyn. Yn Fryslân kamen der yn ien jier goed trijetûzen by. De totale groei yn Fryslân bedraacht 76% sûnt 2013.

Undersyk
Wittenskiplik ûndersyk lit sjen dat omwenners fan geitehâlderijen in ferhege kâns hawwe op in longûntstekking. Om de oarsaak dêrfan te ûndersykjen is op fersyk fan de ministearjes fan VWS en LNV in ferfolchûndersyk úteinset. Sadree’t de oarsaak bekend is, kin it RIVM ek sizze oft der maatregels op de bedriuwen nedich binne. It ûndersyk moat yn 2021 ôfrûn wêze. Fan ’t hjerst wurdt in tuskenrapportaazje ferwachte.

Advys GGD Fryslân
De GGD Fryslân advisearret, fanwege de earnst fan de mooglike effekten op de folkssûnens, en it rinnende ûndersyk, om út foarsoarch maatregels te nimmen. De GGD riedt oan om net ta te stean dat geitebedriuwen har fêstigje of dat besteande útwreide wurde. Dat is neffens de GGD oan ’e oarder as binnen in straal fan twa kilometer gefoelige bestimmingen (lykas wenningen) binne. Yn Fryslân binne der hast gjin gebieten dêr’t binnen sa’n ôfstân gjin bebouwing is. Dêrom dat de Provinsje in foarriedige stop foar hiel Fryslân ynstelt. It is net útsletten dat de GGD op basis fan de resultaten fan it ferfolchûndersyk it advys letter bystelt.

febrewaris 15, 2019 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.