FNP: Ynsette op solide takomst Fryske Akademy

febrewaris 10, 2019 09:04

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder

De FNP-Steatefraksje wol in solide en robúste wittenskiplike, kwalitative en finansjele takomst fan de Fryske Akademy. Yn fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân freget de partij dêr oandacht foar. Oanlieding is de krekt ôfsletten Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), dêr’t yn stiet dat yn de simmer fan 2019 de posysje opnij besjoen wurde sil. De FNP freget no opheldering oer de ynset fan it Provinsjaal bestjoer.

Wittenskiplik ynstitút
De FNP wol dat de Fryske Akademy in folweardich en robúst wittenskiplik ynstitút bliuwt, dat as ynstelling ûnder it ynstitúts- en ûndersyksbestel fan de KNAW-flagge trochoperearret. Dat om te waarboargjen dat mei minimaal deselde hege wittenskiplike noarmen trochwurke wurdt yn de takomst.

Sizzenskip
Om’t de provinsje Fryslân alle jierren in grutte finansjele bydrage leveret, is it ek fan belang dat der in grut stik sizzenskip bliuwt oer de takomst fan de Fryske Akademy. Wat de FNP oangiet moat de besteande ‘liearringsoerienkomst’ dan ek ynhâldlik, finansjeel en kwa sizzenskip trochset wurde.

Finansjele posysje
As lêste wol de FNP witte wat de ynstek fan it Kolleezje fan DS wêze sil om te waarboargjen dat de finansjele posysje fan de Fryske Akademy foar no en yn de takomst solide wêze sil. En om, as dat nedich is, de Akademy dêr by te skewielen.

febrewaris 10, 2019 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.