Flower Power Markt op snein 3 maart yn Drachten

febrewaris 27, 2019 10:08

Ynformaasje & Ynspiraasje foar in duorsume, sûne en kleurrike libbensstyl

Wolle jo je ynformearje en ynspirearje litte oer in duorsume, sûne en kleurrike libbensstyl? Kom dan snein 3 maart nei de Flower Power Markt yn skouboarch De Lawei yn Drachten. De Flower Power Markt is in merk mei wurksjops oer (h)earlik iten, ruilje, diele & reparearje, natuerlike sûnens, grien & sels(foarsjennend) oan ’e slach en kreative & kleurrike libbensstyl.

Affysje: Aliette Miedema

De merk is iepen fan 13.00 oant 18.00 oere.

Op de merk kin men hearlik sneupe, ynspiraasje opdwaan en sjoppe. Sa fynt men der trendy hânmakke produkten, kleurrike ûntwerp- en alternative klean, eigensinnige sieraden, berneklean en assessoires, natuerlike fersoargingsprodukten, (vintage) wenassessoires en oare hippe duorsume produkten. Lês mear oer it oanbod op de merk.

Jo kinne genietsje fan in massaazje, in konsult nimme, sjen oft jins fitaminen en mineralebalâns goed is of je ynformearje litte oer duorsume enerzjy. Wa’t in reden siket om syn klean- en/of boekekast ris op te romjen… op de Flower Power Markt kin men ruilje foar frisse eksimplaren. Siedguod en plantsjes kinne ek ruile wurde.

Foto: Aliette Miedema

Wurksjops en aktiviteiteprogramma
De merk biedt dêrneist in nijsgjirrich wurksjopprogramma foar jong en âld. Dit jier kin men meidwaan oan in wurksjop lykas sandalen hake, ehbo mei eteryske oaljes, siedherten meitsje fan papierpulp, aura’s sjen en fiele of leare oer de krêft fan stilte.

Foar dy aktiviteiten skriuwe jo je yn by de organisaasje (nei de yntree), want dêrr is de mooglikheid om diel te nimmen beheind. Op in mooglike lytse materialefergoeding nei is it dielnimmen oan de aktiviteiten fergees. Lês mear oer de ynhâld fan de aktiviteiten.

Praktyske ynformaasje
Adres: Skouboarch De Lawei, Laweiplein 1, 9203 KL Drachten
Yntree: 4 euro foar folwoeksenen, oant 12 jier fergees yntree (by ynskriuwing foar de nijsbrief kin men in koartingsbon delhelje)
Iepeningstiden: 13.00 oant 18.00 oere.

Mear ynformaasje en it útskreaune programma is te finen op www.flowerpower.nl.

febrewaris 27, 2019 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.