Feie Fonyk: Cito

febrewaris 14, 2019 14:15

Ofrûne septimber bestie it Cito yn Arnhem fyftich jier. It is yn al dy jierren útgroeid ta in grutte organisaasje dy’t toetsen makket foar hast it hiele ûnderwiis. Fan beuker- oant en mei it middelber beropsûnderwiis. It hat bygelyks in Observatielijst voor baby’s en dreumesen, mar ek in Kijk- en luistertoets Frans havo 4 en vwo 5. It bekendst is it troch de Cito-eintoets foar de âldste bern fan de basisskoalle. De offisjele namme is de Centrale Eindtoets.

Oer dy toets wie troch de tiid hinne in soad geharrewar. Hy soe mar in momintopname wêze fan wat bern kinne en kenne. Skoallen soene der net te folle wearde oan hechtsje moatte en mear fan sok praat. Mar de eintoets is by steat om in goed advys te jaan. Yn sa’n 80% hat de toets it by de rjochte ein.

Dochs is dat net folslein wier en dat hat te krijen mei de Twadde Keamer, dy’t in tal jierren lyn de wet feroare. Op dit stuit waacht it skoaladvys it swierste by de kar foar fuortset ûnderwiis. Pas nei dat advys en oanmelding foar de ferfolchskoalle wurdt de sintrale eintoets ôfnommen. Dy is dit jier op 16, 17 en 18 april. As de útslach heger is as it skoaladvys kin it bern yn in heger skoaltype pleatst wurde. Guon âlden dogge der alles oan om harren bern sa heech mooglik skoarre te litten troch ekstra les en eksamentrainingen. Dat wurket net goed út.

Skoallen foar fuortset ûnderwiis

moatte de mooglikheid hâlde om bern te wegerjen.

In oare oanpak soe dizze wêze kinne: de skoallen nimme yn it earste healjier fan groep 8 kontakt op mei de âlden op basis fan wat dan oer it bern te sizzen falt. Se jouwe in foarriedich advys oer it fuortset ûnderwiis. Dat kinne skoallen goed nei al dy jierren. Dan soe de eintoets wer nei febrewaris kinne mei de útslach yn maart. Dernei jout de skoalle in einadvys. Yn 75 oant 80 persint fn de gefallen sil de eintoets befêstigje wat juffer of master yn oktober of novimber sei.

Fansels wurdt in úteinlik beslút yn goed oerlis mei en troch de âlden nommen. Skoallen foar fuortset ûnderwiis moatte de mooglikheid hâlde om bern te wegerjen dy’t net oan de minimale easken om te slagjen foldogge.

It liket derop dat de Twadde Keamer werom wol nei de âlde situaasje. Dus mei de Cito-toets yn febrewaris.

 

 

febrewaris 14, 2019 14:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.