Feestlike lansearring kampanje Steateferkiezingen

febrewaris 22, 2019 10:04

Under it motto Stim. Foar dyn lûd hâldt de provinsje Fryslân dit jier in kampanje yn it belang fan de Steateferkiezingen fan 20 maart. Moandeitemoarn 25 febrewaris sil Kommissaris fan de Kening Arno Brok tusken njoggenen en tsienen de kampanjeposters feestlik ûntbleatsje.

Dy lansearring is op it treinstasjon yn Ljouwert. De muzikale Friezen dy’t foar it byld posearre hawwe sille dêr behelpsum by wêze. De stasjonspiano spilet dêr in rol by. De ferkiesbere partijen binne der ek by. By in bakje kofje kin mei harren fertsjintwurdigers yn petear gien wurde. De beide stimwizers foar Fryslân – MijnStem en de Meestem-meter – wurde moandei ek online set.

Stim. Foar dyn lûd
Yn novimber rôp de provinsje ynwenners fan Fryslân om har mei harren ynstrumint as model te melden foar de ferkiezingskampanje fan 2019. Op de oprop is manmachtich reagearre; der binne acht minsken – gewoane Friezen en gjin fotomodellen – selektearre foar de kampanjebylden, dy’t yn it provinsjehûs makke binne.

febrewaris 22, 2019 10:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.