Fearn fan de Fryske autoynbraken bart yn Ljouwert

febrewaris 28, 2019 08:34 Fernijd

Alle tsien minuten wie der yn it ôfrûne jier in autoynbraak. Yn totaal registrearre de plysje yn 2018 hast 55.000 autoynbraken. Yn Fryslân giet it om ‘mar’ 1,2 autoynbraken deis. Dat docht bliken út in analyze fan Independer, op basis fan de lêste autoynbraak-sifers fan de plysje.

Foto: pixabay.com

In protte autoynbraken
Ofrûne jier wiene der yn totaal 431 autoynbraken yn Fryslân. Inkeld yn Drinte wiene der minder. Ta ferliking: yn de gemeente Ljouwert wiene de measte autoynbraken (118), dat is noch gjin persint fan dy yn Amsterdam (7576).

De measte Nederlânske gemeente notearren ôfrûne jier minder autoynbraken. Yn seis Fryske gemeenten wie der lykwols sprake fan in stiging. Autostellerij naam yn ús provinsje ta mei 9 persint. Dat giet tsjin de weromrinnende trend (-9%) yn, dy’t foar hast it hiele lân te sjen is.

Meast stellen guod
Ut kontakten dy’t Independer mei klanten hat, docht bliken dat autoynbrekkers dúdlike foarkarren hawwe. De saken dy’t it faakst út auto’s stellen wurde binne ynboude navigaasjesystemen, autoradio’s, guod út it dashboardkastke en oare autoûnderdielen, lykas airbags, fellings en koplampen.

Flinke ferskillen yn dekkingsbetingsten ynboelfersekering
Independer sinjalearret dat net folle minsken har realisearje dat de autofersekering by stellerij fan los guod dekking biedt. As in djoere sinnebril of in snoadfoan út de auto stellen wurdt, kin men dy mooglik klaime fia de ynboelfersekering.

Dekkingsbetingsten ferskille lykwols flink by ûnderskate fersekerders. Sa biedt de iene ynboelfersekering in maksimum dekking fan tûzen euro foar guod dat út de auto stellen wurdt, wylst de oare op syn heechst 250 euro dekt. Boppedat binne der ynboelfersekeringen dy’t hielendal gjin dekking biede by autoynbraak. Der sitte ek ferskillen yn wát der dutsen wurdt.

De folsleine ûndersyksanalyze, mei regionale ferskillen ynbegrepen, is werom te finen op de webside fan Independer.

febrewaris 28, 2019 08:34 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.