Fan hearren en sizzen

febrewaris 2, 2019 07:01 Fernijd

Resint ferskynd

Ferhaal fan Sjoerd F. Talsma

Foto: pixabay.com

In protte ferhalen binne yn it ferline bard, ferteld en betocht, mar dit ferhaal is wier bard. Ik haw it sels heard.

Der wie ris in man dy koe sa allemachtichst hurd reedride, dat hy wie by steat om syn eigen skaad efter him te litten. Der geane ferhalen oer him – en as ik liich, dan haw ík it net betocht – dat er op in kear ek wer it iis op soe. It wie wol tsien graden ûnder nul dy dei. It iis wie noch hiel tin, mar dat dearde him net, om’t er sa hurd ried. Dan hoecht it iis net sa dik te wêzen. Hy ried fan it iene doarp nei it oare yn minder as gjin tiid. Hy fleach sa ôfgryslike hurd, dat er net seach dat der in wek foar him dage dat er net mear ûntwike koe. Hy fleach mei in needgong it wetter yn, it wie kwealik te sjen en ik ha heard dat troch it skerpe iis syn holle derôf snien waard. Troch de gong dy’t er hie, glied de holle oer it iis fierder. Efkes fierder wie der wer in wek, en yn dat wek kaam de man wer boppe. Sa koe it barre dat romp en holle wer krekt sa opinoar sieten as foarhinne en trochdat it sa fûleindich frear, siet de holle ek fuort wer fêst. Hy klaude út it wetter en is gewoan trochriden. De man hat it nea oan in oar ferteld. It wie in grut wûnder fansels en spitich dat dêr nimmen by wie. Ik hie soks wol sjen wollen.

febrewaris 2, 2019 07:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.