Famyljefilm ‘Superjuffie’ yn Bios Burdaard

febrewaris 18, 2019 09:06

Bios Burdaard fertoant sneontejûn 23 febrewaris Superjuffie, in spannende famyljefilm fan de makkers fan Mees Kees. Superjuffie! is de ferfilming fan it jeugdboek mei deselde namme fan Janneke Schotveld. Haadpersoan is juf Josje dy’t by tafal yn in juf mei superkrêften feroaret.

Foto: morguefile.com

It binne spannende tiden foar juf Josje. As sy lesjaan sil op in nije skoalle, giet se te wenjen yn it ferlitten bûtenhûs fan har muoike, dy’t ferdwûn is. Dêr ûntdekt se in magysk masker dat har superkrêften jout. Net allinnich kin Josje ynienen mei bisten prate, se kin ek as in griene tornado troch de loft fleane. As der yn de pleatslike bistetún in lyts tigerke ferdwynt, komme Superjuffie en har learlingen yn aksje. Yn de aventoeren fan Superjuffie is it grutste aventoer om foar dysels op te kommen en te learen datsto der wêze meist.

Sneon 23 febrewaris om 19.00 oere, yntree € 4,-. Kaartsjes oan de baly of online fia MG Tickets.nl.

febrewaris 18, 2019 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.