Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (54)

febrewaris 16, 2019 06:50

Lit de berntsjes ta my komme

Ofbylding: www.hetzoutvat.nl

De learlingen hawwe spul ûnderinoar en ik freegje:
“Wêr hawwe jim it eins oer?”
Dêr sizze se neat op, want se ha tsierd oer de fraach wa fan harren it wichtichst is. Ik rop har by my en sis:
“Wa’t de earste wêze wol yn it keninkryk, moat alle oaren foargean litte.”
En ik nim in famke by de hân, set har yn ’e midden fan it omsittend laach fan har omkes, slaan de earm om har hinne, lit har op ’e knibbel Hobbelige Wei ride en krûp har efkes oan.

“Wa’t sa’n bern mei leafde ûntfangt, ûntfangt my. En wa’t my ûntfangt, ûntfangt net allinnich my mar ek Him dy’t my stjoerd hat.

Mar wa’t ien fan dizze lytsen, dy’t ommers goed fan fertrouwen binne, ta ferkeardens ferliedt, foar sa’nien soe it better wêze en wurd mei in molestien om ’e nekke yn ’e see smiten.

Wat ferliedt dy derta en doch in oar kwea? Lûk it út, hakje it ôf! Kinst better mei in protte sear en lijen ta it keninkryk yngean as datst mei de hiele hûd baarnst yn it fjoer fan begearte.

Myn Heit hat dy dingen ferburgen foar wa’t him foarstiet op wat er is, ferstannich, fatsoenlik, ryk, bejeftige, knap. Mar Hy hat se oan ’e bern iepenbiere. Seinige is wa’t dat ynsjocht.

Nim ôfstân fan dysels en wurd bliid en ienfâldich as in bern.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.

 

febrewaris 16, 2019 06:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.