Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (53)

febrewaris 9, 2019 07:16

Dyn neiste docht ferkeard

Pompeo Batoni (1708-1787)

As in neiste fan dy ferkeard docht, gean dan hinne en sprek him taktfol ûnder fjouwer eagen ta. As er nei dy harket, dan hast him werom. As er net nei dy harket, nim dan guon fan syn freonen mei. Dan kin er net ûntkenne dat jim gelyk hawwe, want jim hawwe allegear itselde ferhaal, dat jim tsjûgenis stimt oerien. By einsluten kinst it noch troch de wei fan ’e mienskip besykje. Mar as er net harkje wol, ja, dan hoechst him net langer as in neiste te behanneljen, oant er krekt as de ferlerne soan werom komt fan syn dwaalwei.

Petrus freget:
“Master, as ien fan myn neisten my kwea docht, moat ik him dan straffe of net?”
“Moatst him net straffe. As er berou hat fan syn die, en dêrneffens docht, dan moatst him ferjaan.”
“Mar Master, hoe faak moat ik him ferjaan? Sân kear?”
“Nee, sân kear santich kear. Moatst altyd klearstean om him te ferjaan.”

Kinst it keninkryk sa sjen. Stel, in kening beslút jild op te easkjen dat er tegoede hat fan syn tsjinstfeinten. Dan wurdt der ien by him brocht dy’t him tûzenen sulverstikken skuldich is. De kening kin him dan as slaaf oan it wurk sette oant er it jild weromfertsjinne hat. De kening kin ek de man syn frou en bern en besittingen ferkeapje litte. De man lit him foar de kening delfalle mei de holle yn it stof en smeket:
“Jou my útstel. Ik sil letter alles werom betelje.”
De kening kriget begrutsjen mei him, lit him frij en seit dat er neat mear hoecht te beteljen. Amper is de man bûten of hy moetet immen dêr’t hy noch jild fan tegoede hat. Hy kriget him by de kiel en wol op slach en stuit syn jild werom hawwe. De oar falt foar him yn it stof en smeket:
“Jou my útstel. Dan sil ik alles werombetelje.”
Mar de man wol net wachtsje en wol him as slaaf te wurk stelle. Oare lju sjogge dat en it griist har oan. Se fertelle it oan de kening. De kening lit de man by him roppe en seit:
“Untankbere hûn! Ik haw dy in ûnbidigen skuld net oanrekkene, omdatst my dêrom smeke hast. Moatsto dan gjin begrutsjen hawwe mei dy oar, sa’t ik begrutsjen mei dy hân haw?”
De kening is poerrazend en stjoert de man nei de minen. Dêr moat er wurkje oant er alles oant de lêste sint werombetelle hat.
Allyksa sil myn himelske Heit dy ek behannelje, asto dyn neiste net fan herten ferjouwing skinkst foar wat er dy oandien hat.

As wy troch Samaria reizgje, komme wy troch in doarp dêr’t wy min behannele wurde. Twa fan ’e learlingen freegje my:
“Master, sille wy bidde dat de wjerljocht har ferskroeit en fertart?”
Ik sprek har bestraffend ta, want it is net oan har en nim wraak. Wa’t ferkeard docht, stoart altyd en op ûngelikense wize himsels yn it ferdjer. De wraak komt fansels. De beam is oan syn fruchten werom te kennen en de fruchten binne sels de straf.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
febrewaris 9, 2019 07:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.