Earste ljipaai fan Fryslân fûn

febrewaris 28, 2019 13:59

It earste ljipaai fan Fryslân is fûn. Eduard van der Hoek út Grou trof it aai tongersdei oan by Vegelinsoard.

Foto: Wikipedia/Rasbak – lisinsje CC BY-SA 3.0

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten ferwachte al dat it earste ljipaai dit jier yn febrewaris fûn wurde soe. En dat is unyk. Yn 1998 waard oant no ta it betiidste earste ljipaai fûn, op 2 maart. Neffens berekkeningen fan fûgelwachtersbûn BFVW soe it earste aai fan dit jier op freed 22 febrewaris lein wurde.

De fynst falt noch krekt binnen de foarsittersperioade fan Rendert Algra, dy’t mei yngong fan 1 maart ophâldt by it BFVW. Hy is de iennige foarsitter dy’t yn twa perioaden en yn seis jier tiid sân kear by it earste ljipaai wêze mocht. De kommissaris fan de Kening nimt it earste ljipaai altyd symboalysk yn ûntfangst.

febrewaris 28, 2019 13:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.