Doarpskrante ‘De Pinfisker’ Parregea wint priis bêste Frysktalige stik Súdwest-Fryslân

febrewaris 1, 2019 16:10

In anekdoate oer de sniewinter fan 1979 is it bêste Frysktalige stik fan ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. De anekdoate is skreaun troch Ida van den Berg fan doarpskrante De Pinfisker út Parregea. It stik ‘Koade read, 39 jier lyn’ is útkeazen út 29 ynstjoeringen.

Fan links nei rjochts: Watse Zeinstra (Diggelfjoer – Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum; winner 3e priis), Pieta Zijlstra (Diggelfjoer – Wommels, winner 2e priis), Ida van den Berg (Pinfisker – Parregea, winner 1e priis), wethâlder Stella van Gent, sjueryfoarsitter Douwe Blom.

De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Stella van Gent. De útrikking wie yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. In symboalysk plak, om’t Japicx in soad foar de Fryske skriuwtaal betsjut hat.

De twadde priis (200 euro) gie nei Diggelfjoer út Wommels foar de tekst ‘De profylfoto fan Klaas in grut sukses’, skreaun troch Pieta Zijlstra, en de tredde priis (100 euro) gie nei Diggelfjoer út Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum foar de tekst ‘Hoe is it no mei…’, skreaun troch Watse Zeinstra.

Ambassadeurs fan it Frysk
It is de tredde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske stik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útset hat. Wethâlder Van Gent is tige wiis mei it tal ynstjoeringen. Ferline jier hat de gemeente ûndersyk dien nei wat de ynwenners wolle oangeande it Frysk. Ut dat ûndersyk kaam ûnder mear nei foaren dat elk, wol of net Frysktalich, wol dat it Frysk oer hûndert jier noch bestiet. “Doarpskranteredaksjes spylje dêr in belangrike rol yn”, seit Van Gent. “Sy meitsje it Frysk sichtber yn ús gemeente en dat makket harren ta ambassadeurs fan ’e Fryske taal.”

29 ynstjoeringen
Yn totaal hat de gemeente 29 Frysktalige teksten krige, fan njoggen doarpskranten. Foar dit jier wurdt de priisfraach ek wer útset. Van Gent: “It is moai om te sjen dat hieltyd mear redaksjes oan ’e priisfraach meidogge.”

De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan ’e Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom wie ûnder de yndruk fan ’e ynstjoeringen, sawol fan ’e kwaliteit fan it Frysk as de ynhâld fan ’e ferhalen. “Je krije fuort ek in glimke mei fan wat libbet yn al dy doarpen”, seit Blom, dy’t riedslid foar de FNP is yn Súdwest-Fryslân. Njonken Blom bestie de sjuery út Jantine Weidenaar (sjoernalist by Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (skriuwer).

febrewaris 1, 2019 16:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hâns J. Weijer febrewaris 1, 17:43

    Sa kin en ik soe hast size, sa moat it. It is út te wreidzjen nei de hiele provinsje. Oftewol yntergemeentlik. Dat formeel alles prachtich op papier stiet is fansels ek geweldich, mar sûnder praktyske tapassing kin it mar fan ien doel brûkt wurde. M.o.w. tink ris fierder as it papier!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.