Deputearre Kielstra op besite yn ’e Noardlike Fryske Wâlden

febrewaris 5, 2019 18:57

Moandei 4 febrewaris hat deputearre Kielstra op besite west yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Wethâlder Hoekstra fan de gemeente Tytsjerksteradiel en wethâlder Jonker fan Achtkarspelen ûntfongen wachten him op by de klompmakkerij/klompemuseum yn Noardburgum. Mei de besite wolle beide gemeenten de Noardlike Fryske Wâlden ûnder de oandacht bringe. “Yn Fryslân hawwe wy it Waad, de marren en Ljouwert as kulturele haadstêd 2018, mar wy hawwe ek de Wâlden. Dizze regio hat alles: kultuer, karakter en streekprodukten en dat fertsjinnet omtinken”, seit wethâlder Hoekstra. Njonken de deputearre wiene der ek gasten fan Merk Fryslân en de ToerismeAlliânsje Fryslân om mei te praten oer de ûntjouwing fan de Noardlike Fryske Wâlden.

Tocht troch de Wâlden
De besite sette útein by klompmakkerij Scherjon yn Noardburgum dêr’t de deputearre in rûnlieding krige. Dêrnei gie it selskip yn ’e bus foar in rûnrit troch in part fan de Wâlden. Yn ’e bus waard troch in tal sprekkers in taljochting jûn oer it gea, rekreaasje en toerisme. Van der Ploeg fan de Noardlike Fryske Walden hoe’t boeren it lânskip ûnderhâlde en hoe’t gearwurke wurdt om mear toeristen en rekreanten yn it gebiet te betsjinjen. Eybergen, foarsitter fan de stichting RegioMarketingToerisme, joech in taljochting oer de stichting. Hy fertelde dat dy in fyzje ûntwikkelet en dat er tige posityf is oer it feit dat ûndernimmers yn in ier stadium dêrby belutsen binne. As lêste joech Hoekstra fan Steatsboskbehear in taljochting oer it ûntstean fan it lânskip en de natuer sa’t hy him dêryn ûntjûn hat. De tocht gie fierder troch it kûlizelânskip nei Jistrum en dêrnei nei it oergongsgebiet fan de Wâlden nei iepen lânskip, de eardere healannen, dy’t resint ûntwikkele binne ta prachtige natuergebieten de Mieden. Ta beslút waard in besite brocht oan wyngerd De Frysling yn Twizel, de noardlikste fan Nederlân. Dat de Noardlike Fryske Wâlden mear as genôch te bieden hat waard troch alle oanwêzigen befêstige. De Provinsje wol, nei it sukses fan Kulturele Haadstêd, ynsette op kultuertoerisme. By dat tema passe de Noardlike Fryske Wâlden perfekt, wie de konklúzje fan deputearre Kielstra nei ôfrin fan de besite.

febrewaris 5, 2019 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.