Dei oer de takomst fan de frisistyk yn Nederlân

febrewaris 19, 2019 08:36

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder

It liket net goed te gean mei de frisistyk — de wittenskiplike stúdzje nei Fryske taal- en letterkunde — yn Nederlân. Dy fêststelling foarmet de oanlieding ta in kongresdei op 29 maart 2019 yn de Fryske Akademy yn Ljouwert oer de takomst fan de frisistyk. De dei wurdt organisearre troch de Stifting Freonen fan it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit te Grins (SFFYRUG) yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Meidwaan oan it sympoasium is fergees. Graach yn it foar – foar 25 maart – oanmelde fia baly@fryske-akademy.nl, yn ferbân mei sealkapasiteit en lunsjfoarsjenning. It sympoasium wurdt holden tusken 10.30 en 16.00 oere.

Sjoch foar mear ynformaasje: www.fryske-akademy.nl/takomst-frisistyk.

febrewaris 19, 2019 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.