DataFryslân makket gearwurkjen mei data mooglik

febrewaris 12, 2019 12:59

Hjoed, tiisdei 12 febrewaris, hawwe de provinsje Fryslân, trije gemeenten, trije kennisynstellings en it CBS (Sintraal Buro fan de Statistyk in gearwurkingsakkoart ûndertekene om mei DataFryslân útein te setten. Dêrtroch kinne se gebrûk meitsje fan inoars data en kennis.

DataFryslân hâldt yn dat yn Fryslân gearwurke en leard wurdt om mei data relevante fragen te beäntwurdzjen oer ûnder oare leefberens, toerisme, ekonomy en sosjale fraachstikken. Yn DataFryslân wurdt in Hub foarme dêr’t keppeling en data mei regele wurde. Der komt in Lab dêr’t meiwurkers en studinten yn wikseljende gearwurkingsfoarmen eksperimintearje en leare en mei útkomsten ferrasse sille. En der komt in Poadium dêr’t de ûnderfinings mei-inoar en de rest fan Fryslân dield wurde. Dêr wurdt ek kennis út oare regio’s brûkt om flugger te learen.

Data it nije goud?
“Data binne it nije goud”, sa hearre je om je hinne. Data binne lykwols foaral rûge materialen dy’t pas troch analyze en keppeling nije ynsichten opsmite. Dat fereasket fakkennis en de romte om de data te brûken en te dielen. De dielnimmende organisaasjes realisearje har dat datawittenskip en datatapassing har tige rap ûntwikkelje en dat gearwurkjen en mei-inoar learen Fryslân fierder foarút helpe. Inoar fersterkje om ta moaie antwurden komme is it doel.

Antwurden op fragen as: “Hoe sjocht in krimpdoarp der oer fyftjin jier út?”, “Hoefolle toeristen bewege har yn de provinsje en yn watfoar rjochting geane harren fragen?”, of “Yn hokker wiken sjogge wy in sterke groei fan soarch en Wmo?”. Fragen dy’t troch keppeling en analyze fan data beäntwurde wurde kinne en sa ta better belied en nije tsjinstferliening liede.

Mei de oprjochting fan DataFryslân meitsje de dielnimmende organisaasjes ôfspraken oer it brûken, de tagong, kwaliteit en feiligens fan de data en de resultaten. Dat moat fansels goed regele wurde. Dat is ien fan de redenen om aktyf it CBS, dat al in protte ûnderfining hat mei urban datacenters, derby te belûken. Troch it wurkjen mei studinten en it oanbieden fan kursussen wol DataFryslân bydrage oan de ûntwikkeling fan goede dataprofesjonals foar de regio.

febrewaris 12, 2019 12:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.