Dammer Wiersma hâldt kopposysje

febrewaris 10, 2019 09:43

Siebe Walinga (Aldegea SWF) lofts en Jelle Wiersma (Wommels) rjochts. Foto: Dambûn Frysk Spul

Sneon 9 febrewaris waard op ’e Gaastmar it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen fuortset mei de fjirde en fyfde omrin. Mearfâldich kampioen Taeke Kooistra (Hartwert) moast fanwegen de gryp ôfsizze. Koprinner Jelle Wiersma ferskynde mei krukken efter it boerd, mar syn holle wie noch wol ynoarder. Hiel dreech waard it him oars ek net makke. Siebe Walinga joech de Wommelser in daam kado en dat pakte foar de Aldegeaster ferkeard út. De pleatslike favoryt Pieter Hoogterp ferbrûkte in soad tiid en koe dêrnei alle tûkelteammen dy’t Wiersma him foarsette sa gau net mear útrekkenje.

De iennichste dy’t Wiersma noch folgje kin is Marten Walinga. De Waaksenser hie gau syn oerwinning op Tjerk Wijbenga (Arum), mar tsjin de Ljouwerter Hein de Vries moast it ûnderste noch wol efkes út ’e kast helle wurde.

Yn ’e twadde acht lieten de koprinners Willem Schaap (Dearsum) en Bauke Dijkstra (De Tynje) stekken falle, sadat de feteraan Kees Tijssen no ynienen allinnich boppe-oan stiet. Yn ’e twadde acht koene Sjoerd Couperus (Snits) en Cor Kooistra (Nijlân) de promoasje al hast net mear ûntrinne, ek al liet Kooistra it raar sitte tsjin de Jorwerter Siebren Dyk.

Oare wike is de finale fan it kampioenskip yn Aldegea SWF.

Utslaggen en tuskenstannen
Fjirde omrin: Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Taeke Kooistra (Hartwert) útsteld, Tjerk Wijbenga (Arum) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; fiifde omloop: Wiersma – Hoogterp 1-0, Haanstra – S. Walinga 1-0, Kooistra – Wijbenga útsteld, M. Walinga – De Vries 1-0.
Stân: Wiersma 5-4,5; M. Walinga 5-4; Haanstra 5-3; Hoogterp 5-2,5; Wijbenga 4-2; Kooistra 3-1,5; S. Walinga 5-0,5; De Vries 4-0.

Fjirde omrin: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) – Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1; fiifde omloop: Hoekstra – Westra 1-0, Bakker – Dijkstra 1-0, Groenveld – Wiersma 1-0, Tijssen – Schaap 1-0.
Stân: Tijssen 4; Dijkstra, Groenveld en Schaap 3; Hoekstra 2,5; Bakker 2; Westra 1,5; Wiersma 1.

Fjirde omrin: Siebren Dyk (Jorwert) – Dicky van der Meer (Terherne) 0,5-0,5, Frans Kingma (Jorwert) – Cor Kooistra (Nijlân) 0-1, Ype Boelens (Menaam) – Piet Sikma (Hartwert) 0,5-0,5, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; fiifde omloop: Van der Meer – Kingma 0,5-0,5, Kooistra – Dyk 0-1, Sikma – Wiersma 0-1, Couperus – Boelens 0,5-0,5.
Stân: Couperus 4,5; Kooistra 4; Dyk en Sikma 2,5; Boelens, Van der Meer en Wiersma 2; Kingma 0,5.

 

febrewaris 10, 2019 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.