Carles Puigdemont woansdei yn Grins

febrewaris 13, 2019 12:44

Carles Puigdemont (foto: Wikipedia)

De ôfsette Katalaanske presidint Carles Puigdemont komt moarn nei Grins ta. Op fersyk fan heechlearaar Frysk Goffe Jensma hâldt er dêr in gastkolleezje op ‘e universiteit. Alle taharkersplakken foar de lêzing binne wilens fersein.

Puigdemont komt op ‘e twadde dei fan it proses dat yn Madrid tsjin njoggen Katalaanske politisy fierd wurdt. Hja wurde beskuldige fan reboeljemakkerij, om’t hja meiwurke hawwe oan it referindum fan 2017 oer ûnôfhinklikens.

Puidemont moast yn 2017 flechtsje en libbet sûnt dy tiid yn ballingskip yn België. De Spaanske plysje wol him ek arrestearje. Neffens de Spaanske oerheid wurket de universiteit yn Grins mei oan it fersprieden fan ‘sabeare nijs’.

febrewaris 13, 2019 12:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.