Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 22

febrewaris 1, 2019 07:00

Staazje yn de Blauwe Sône

Kollum

2018 wie foar Fryslân in bysûnder jier – net ien dy’t dêroan twivelet – mar earst oer in jier as tsien witte wy presys wat it ús provinsje oplevere hat.

Foar my persoanlik wie it ek in spesjaal jier. Ungefear hûnderttûzen minsken hawwe meidien oan de Alvewegetocht, twa wike yn july sûnder in drip benzine of disel. De organisaasje fan dat projekt wie in moai karwei, dat al yn 2015 begûn. Doe betocht in groep studinten dat projekt en hawwe dat mei Urgenda oanpakt. Ut eardere projekten wist Urgenda dat de Friezen it omearmje soene. ouweSoks soe neffens harren inkeld yn Fryslân slagje kinne. En bûten Fryslân tochten in soad minsken dat ek. Wy binne blykber in folkje dat graach wat mei-inoar docht. Dat hawwe we ek wol bewiisd by de grutte mannichte fan projekten yn 2018. Der binne in soad Friezen yn beweging kommen. Yn de organisaasje fan de Alvewegetocht wiene alve stazjêrs behelle. Dy melden har spontaan oan, draaiden twa wike mei en koene sels kieze wat se dwaan woene. Der wie gjin standertdraaiboek. Alles wat mar bydroech oan twa wiken sûnder in drip benzine of disel wie goed. En dêr giene se dan ek lekker op los. No binne we fiif moanne fierder en alle alve stazjêrs hawwe in baan fûn yn de duorsume enerzjy yn Fryslân. Soksoarte projekten jout selsfertrouwen en in moaie stjer op jins cv.

No haw ik trije stazjêrs. Ien fan harren frege my okkerdeis oft ik wolris heard hie fan de Blauwe Sônen. Fierder as ‘in gebiet dêr’t men lang parkearje mei’ kaam ik net. Se lei my út dat der yn ’e wrâld fiif blauwe sônen foarkomme: Sardinië by Italië, Okinawa yn Japan, Loma Linda yn Kalifornië, Ikaria yn Grikelân en Nicoya yn Kosta Rika.

Yn dy gebieten binne de minsken lokkiger en wurde se trochstrings âlder as njoggentich jier. It geheim sit yn de kombinaasje fan:

  • ferbûnens mei-inoar,
  • it hawwen fan in libbensdoel,
  • in soad deistige bewege lykas kuierjen en túnkjen,
  • geregeld neat dwaan
  • en mei mjitte ite (benammen beane en sa no en dan fûgelt).

It liket mysterieus, mar it is goed te begripen. It is in kar dy’t minsken yn dy sônen meitsje. Se libje sûnder watfoar foarm fan stress, diele it lok mei famylje, hawwe it gefoel in doel yn it bestean te hawwen mei in sûne doasis oan spiritualiteit en tinke derom genôch sliep te krijen. Minsken yn dy sônen brûke yn harren deistige itenspatroan ûnder mear in soad sûne oaljes en huning en… gjin gif.

Ik koe dat ferskynsel net, mar tocht uteraard daliks oan Fryslân. De kombinaasje fan dy bysûnderheden sitte allegear opsletten yn Fryslân en binne yn 2018 echt nei foaren kommen.

De kommende tsien jier kin de risping fan LF2018 útgroeie ta in Fryske Blauwe Sône. De seisde fan ’e wrâld. Ut ûndersyk die al bliken dat yn Nederlân de Friezen it lokkichst binne. It begjin is der dus al. Ik freegje myn stazjêrs om dêroan te wurkjen. Dogge jo ek mei? Meld je dan oan fia info@freonen.nl.

Bouwe de Boer is enerzjykoördinator by de gemeente Ljouwert en projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
febrewaris 1, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.