Boeken oer Nijntje yn streektalen tige populêr

febrewaris 21, 2019 09:31

De alderearste oersetting fan Nijntje yn in streektaal, opa en oma pluis op z’n brabants út 2012, hat no al in sande printinge. Yn de ôfrûne sân jier binne der mear as 15.000 eksimplaren fan dy titel ferkocht.

Ofbylding: Utjouwerij Bornmeer

Nijntje is al hast 65 jier tige populêr by pjutten en beukers. Utjouwerij Bornmeer fersoarget de útjeften fan ferskate boeken oer Nijntje yn streektalen, ûnder oare yn it Amsterdamsk, Rotterdamsk, Maastrichtsk, Grinslânsk, Drintsk en Brabânsk. Dêrneist ferskynden by Utjouwerij Bornmeer boeken oer Nijntje yn it Frysk, Gryksk en Latyn. Underwilens hat Bornmeer al mear as 300.000 boeken oer Nijntje yn streektalen ferkocht.

Fan ’e wike ferskine fanwege grut ferkeapsúkses:
– de sande printinge fan opa en oma pluis op z’n brabants
– de fyfde printinge fan nijntje an zei innut haags
– de twadde printinge fan nijntje op de fiets in ’t zeêuws

Nij yn 2018 wiene de oersettings yn it Biltsk, Ljouwerters en Antwerpsk. Ofrûne wike ferskynde it earste boek oer Nijntje yn it Sallânsk, Nijntje op de fietse. Bern komme foaral mei Nijntje yn ’e kunde trochdat it oan har foarlêzen wurdt. Fia de oersettings fan de boeken fan Dick Bruna yn streektalen kinne âlden en paken en beppen no yn har eigen taal foarlêze oan de lytskes. Dat is in opstekker yn tiden dêr’t streektalen yn ûnder druk stean.

Alle útjeften fan Nijntje yn streektalen binne te keap by de boekhannel en Utjouwerij Bornmeer.

febrewaris 21, 2019 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.