Biokomposyt brêge Ritsumasyl wint priis yn De Haach

febrewaris 23, 2019 09:21

De biokomposyt fytsbrêge Ritsumasyl hat de Circular Award Public 2019 wûn yn de kategory provinsjes by de Nationale Conferentie Circulaire Economie yn De Haach. Steatssekretaris Stientje van Veldhoven oerlange de priis oan Sjoerd Vrieswijk fan opdrachtjouwer Provinsje Fryslân. It projekt biokomposyt brêge hat ek de publykspriis wûn.

Ympresje fytsbrêge Ritsumasyl (ôfbylding: Provinsje Fryslân)

Flaaks en hars
De âlde brêge oer it Van Harinxmakanaal wurdt ferfongen. It boutiim kaam mei in ynnovative oplossing: in asymmetryske draaibrêge mei in biokomposyt brêgetek, mei in bio-basearre persintaazje fan sa’n 80 persint. Biokomposyt (op basis fan flaaks en hars) is in materiaal dat foar brêgetekken in soad ûnthjit. De provinsje Fryslân hat dêrmei it inisjatyf naam om mei in grutte stap te ynnovearjen: in brêge fan 66 meter biokomposyt brêgetek, mei in frije oerspanning fan 22 meter.

Gearwurking mei merkpartijen
Yn gearwurking mei entûsjaste merkpartijen as Strukton Civiel, Spie, Delft Infra Composities en de yngenieursburo’s Witteveen+Bos, Sweco en Antea hat de provinsje him sterk makke om de earste biokomposyt brêge yn it iepenbiere wegenet te realisearjen. De easken foar oerspanning en libbensdoer binne gelyk oan de besteande brêgen oer it kanaal. De ûntwikkeling en realisaasje fan de brêge is in unike útdaging foar it boutiim. Dêrby is ek in gearwurking oangien mei hegeskoallen en universiteiten om mei-inoar it ûntwikkelingstrajekt te trochrinnen. Alle kennis dy’t yn de ferskate projektfazen opdien wurdt, sil op basis fan aktive monitoaring en open source wrâldwiid en frij tagonklik wêze. De brêge wurdt yn de neisimmer fan 2019 yn gebrûk naam (www.drive.frl).

febrewaris 23, 2019 09:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.