Arjan Hut nije doarpsdichter Achtkarspelen

febrewaris 1, 2019 16:22

Wethouder Max de Haan jout de nije Wâlddichter Arjan Hut in oarkonde.

Arjan Hut is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Hut (1976) is opgroeid op it Surhústerfean en wennet yn Ljouwert. Dêr is er oplaat ta learaar Ingelsk en Frysk, mar hy is úteinlik dichter wurden. Yn 2005 waard er keazen as earste stedsdichter fan Ljouwert. Hy jout rûnom yn Fryslân workshops poëzy-skriuwen foar bern. Der binne ferskate boeken fan him útkommen, wêrûnder fjouwer dichtbondels. De lêste dêrfan kaam tsjin de krysttiid fan 2016 út en hjit Aurora Bossa Nova. As Wâlddichter fan Achtkarspelen wol Arjan him fierder ûntwikkelje as skriuwer en dichter.

It earste optreden fan Hut yn Achtkarspelen sil wêze op tongersdei 7 febrewaris by de ynstallaasje fan de nije boargemaster.

Kulturele en literêre libben stimulearje
Om it kulturele en literêre libben yn Achtkarspelen te stimulearjen, hat de gemeente sûnt 2009 in doarpsdichter. De eardere doarpsdichters wienen Sytse van der Werf, Ate Grypstra, Suzan Bosch en Meindert Talma.

febrewaris 1, 2019 16:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.