Anty-Katalaanske demonstraasje yn Madrid

febrewaris 10, 2019 20:54

Tsientûzenen minsken binne snein yn Madrid de dyk op gien om it opstappen fan premier Pedro Sánchez te easkjen. De Spanjerts binne der poer op tsjin dat Sánchez mei de Katalaanske foarstanners fan ôfskieding ûnderhannelje wol. De premier fiert in hiel oar belied as syn foargonger Rajoy, dy’t de Katalaanske ôfskiedingsbeweging hurd tsjinwurke.

De demonstranten rôpen “España! España!”, swaaiden mei Spaanske flaggen en easken nije ferkiezings. Hoe machtich oft hja wiene, is net krekt bekend. De organisearjende partijen Partido Popular en Cuidadanos sizze fan twahûndert tûzen minsken, de oerheid rûst dat der 45 tûzen demonstranten wiene.f

Sánchez is ree om te praten oer mear autonomy foar Kataloanië. Hy wol dat in bemiddelder it petear tusken de Katalaanske en Spaanske oerheid wer op gong bringt. It parlemint en it regear fan Kataloanië wolle in eigen steat en beskôgje harsels sûnt 2017 as ôfskaat fan Spanje, de Spaanske oerheid sjocht Kataloanië as part fan Spanje en wol dat dat sa bliuwt. De bemiddelder moat besjen oft de twa partijen tichter byinoar te bringen binne.

Wat it foar de pro-Spaanske partijen ekstra soer makket is dat Sánchez foar syn finansjele polityk de stipe fan de pro-Katalaanske partijen yn it Spaanske parlemint nedich is. Woansdei wurdt dêroer stimd. De Partido Popular en de Ciudadanos binne benaud dat Sánchez yn ruil foar de nedige stipe tasizzings dwaan sil.

Sánchez die snein yn ‘e media te witten dat er altyd ree is om te praten en dat syn regear twongen is om de finansjele problemen op te lossen dy’t it regear-Rajoy foar him kreëarre hat.

febrewaris 10, 2019 20:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.