“Alvestêdetocht mooglik mei help fan waarmtepompen”

febrewaris 24, 2019 11:18

Neffens heechlearaar Andy van den Dobbelsteen fan de TU Delft is it mooglik om mei gebrûk fan 10.000 waarmtepompen yn 2020 in Alvestêdetocht te hâlden. Sels al friest it net.

Alvestêdetocht 1986 (foto: Wikipedia/Rob Bogaerts-Anefo)

Yn wenten en gebouwen by de Alvestêderûte del moatte tsientûzen waarmtepompen oanbrocht wurde om waarmte te ûntlûken oan it wetter. 26 wynmûnen moatte de waarmtepompen fan duorsume enerzy foarsjen.

It idee kaam nei foaren by it Duurzaam Gebouwd Congres 2019 op tongersdei 14 febrewaris yn Ljouwert. Van Den Dobbelsteen jout oan dat dit idee technysk mooglik is mei de meiwurking fan bewenners oan de Alvestêderûte. Hy seit: “Provinsjes, gemeenten, leveransiers fan waarmtepompen en ynstallateurs moatte hurd oan ’e slach.”

Lês mear oer it plan by it platfoarm Duurzaam Gebouwd.

febrewaris 24, 2019 11:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.