Altyd klear foar de Tocht

febrewaris 2, 2019 08:50

De jierlikse tarieding op de Alvestêdetocht

Utstjoering: freed 8 febrewaris, 19.45 oere, NPO 2

Al goed 22 jier wurdt wachte op de folgjende Alvestêdetocht. By in bytsje froast is de alderbysûnderste Tocht fuortdaliks wer in tankber ûnderwerp foar de media. Mar dat de Tocht alle jierren wer yngreven taret wurdt, realisearje net folle minsken har. Wa’t dy jierlikse tarieding docht, is yn dizze spesjale Nieuwsuur-útstjoering fan Hans Kema te sjen.

Alvestêdetocht 1986 (foto: Wikipedia/Rob Bogaerts-Anefo)

Sûnt 1909 binne fyftjin Alvestêdetochten holden, de lêste op 4 jannewaris 1997. Fan sneon 9 febrewaris 2019 ôf befine wy ús yn it langste Alvestêdeleaze tydrak ea. De langste sûnt de perioade 1963-1985. Hans Kema (ferslachjouwer fan Nieuwsuur) folge in jier lang de tariedings op de sechtjinde Tocht troch it Alvestêdebestjoer, rayonhaden, meteorologen, dielnimmers en plysjeminsken.

“Wy wurkje it hiele jier troch”
“Wêr wurdt no in evenemint organisearre dat net trochgiet? Ik soe it net witte. Der is neat dat dêrop liket”, seit Wiebe Wieling, foarsitter fan de Keninklike Feriening fan de Fryske Alvestêden. “Wy wurkje it hiele jier troch, op 1 desimber moat alles klear stean, sadat de Tocht 48 oere letter organisearre wurde kin. It is in hiele protte wurk foar de tsien bestjoersleden en rayonhaden, mar wy kinne net pas yn novimber oan ’e slach gean en dan ris sjen hoe’t wy it dwaan sille”, ljochtet Wieling ta.

Yn Altijd klaar voor de Tocht wurdt sichtber wat der allegear komt sjen by de tariedings fan it grutste reedrydevenemint op ’e wrâld. Simmers wurdt it draaiboek minisjeus trochrûn en wurde hypotetyske rampen oefene. It ôfrûne jier hie it bestjoer it drok mei de bestelling fan totaal njoggen kilometer ‘klúntapyt’, dat binnen 48 oeren levere wurde kin op 22 lokaasjes by de rûte lâns sa gau’t de Tocht útroppen is. Yn Snits binne alfêst spesjale klúntreppen oanlein. En alle rayonhaden oefenje mei it eigen portofoannetwurk. Hurd nedich mei’t by de Tocht it mobile netwurk ûnbetrouber wêze sil fanwege de oardel oant twa miljoen taskôgers. En dan is der noch de iennige betelle meiwurker dy’t it hiele jier de telefoan beäntwurdet en de wachtlist beheart op it kantoar fan de Alvestêdeferiening yn Ljouwert.

Klimaatferoaring of net, de foarsitter hâldt hoop
“As der noch ien komt, moatte wy dwaan as is it de lêste”, seit Alvestêdemeterolooch Thom Zwagers fan it KNMI. “De kâns is gâns lytser wurden. It is eins ien fan de earste echte effekten fan de klimaatferoaring.” Foarsitter Wiebe Wieling hâldt nettsjinsteande dy nofteren wittenskip hoop en is wis dat er de Tocht ea útroppe sil. Hy fynt de mienskiplike ynspanning it moaiste oan de Tocht. “Dat wy minsken ûnderdak biede, dat wy allegear mei-inoar de skouders derûnder sette. Dat wy it iis feie as it frege wurdt. Dy tige ienfâldige dingen, eins hat in minske dêr in hiel soad ferlet fan. Koheezje dy’t we hieltyd mear kwytreitsje.”

Jorrit Bergsma lit der alles foar sjitte
“Fansels tink ik dat ik ‘m winne kin”, seit Olympysk en wrâldkampioen Jorrit Bergsma, dy’t as ien fan de favoriten alles oan ’e kant sette sil foar in Alvestêdetocht, sels de Olympyske Spullen. “Dat is frij ienfâldich; dan kom ik werom nei Fryslân. Ik soe it mysels net ferjaan as ik dy oerslaan soe.”

De feriening De Fryske Alvestêden draait folslein op de kontribúsje fan de tritichtûzen leden. Oan sponsorjen wurdt net dien, by de tocht ek net. Wol sille der miljoenen euro’s oerheidsjild nedich wêze foar de grutskalige ynset fan plysje en helptsjinsten op de dei sels. Nettsjinsteande de hege kosten en risiko’s bliuwe oerheden rjocht efter dit unike evenemint stean. “Stel dat der op it stuit in feriening wêze soe dy’t sa’n evenemint organisearje wolle soe, dan soe der gjin gemeente wêze dy’t dêr in fergunning foar ôfjout”, seit Frans Wiersma, plysje Noardeast Fryslân. “It is te manmachtich en de risiko’s soene te grut wêze. It is inkeld it feit dat it in histoarysk evenemint is dat al mear as hûndert jier bestiet en dat wy allegear hiel graach opnij belibje wolle. Dat makket dat wy oer ús eigen grinzen hinne alles tariede.”

febrewaris 2, 2019 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.