Aant Mulder: Wêr is ús Fryske Greta Thunsberg?   

febrewaris 19, 2019 07:00

Kollum  

Wêr is ús Fryske Greta Thunsberg? Dy fraach ûnderstelt dat jimme witte wa’t Greta Thunsberg is. Op woansdei 6 febrewaris stie der yn ’e Ljouwerter Krante in stik oer har. De sechstjinjierrige Sweedske Greta Thunsberg staakt al sûnt de simmerfakânsje foar it klimaat. Sy wol dat Sweden oan de klimaatdoelen fan Parys foldocht. Wat dat oanbelanget is se in foarbyld foar al dy skoalbern, learlingen en studinten dy’t tongersdei 7 febrewaris yn ús lân foar in better klimaatakkoart staakt ha en dêr noch wol faker foar stake wolle. Ik hâld it op Greta Thunsberg, mar ik soe my likegoed ôffreegje kinne wêr’t ús Fryske Stijn Warmenhoven is. Dat is ommers de twû-studint dy’t him okkerwyks as earste ynsette foar dy grutte klimaatmanifestaasje yn ús lân. Wêr is ús Greta Thunsberg en wêr is ús Stijn Warmenhoven. De fraach stelle is ornaris de fraach beänderje. Wy binne nei alle gedachten sokke ynspirearjende jongelju brek. Of dochs net?

It giet my fansels net om dy klimaatakkoarten, hoe wichtich oft dy ek binne. Wy wolle ommers allegearre wol dat de waarsomstannichheden in bytsje gewoan bliuwe. Wy ha graach winters mei Alvestêdetochten en simmers, dy’t noflik binne en net fierstente droech of gleonhjit. Gewoan waar, sadat we ússels wat wêze kinne. Wat foar it waar jildt, jildt eins ek foar de taal. Wy soene krekt as oaren gewoan ússels wat wêze wolle, ús eigen taal prate wolle. Gewoan Frysk dus. Party minsken en organisaasjes dogge dêr fan alles oan. Der wurdt hiel wat ôfpraat yn kommisjes en gearkomsten. Ferslaggen, dokuminten, notysjes, rapporten wurde skreaun, net te min. As alle dokuminten beammen wêze soene, dan koe mei rjocht en reden sein wurde dat we troch de beammen de bosk net mear sjogge, dat we troch de dokuminten oer it Frysk it Frysk net mear sjogge. Wy stroffelje oer stobben, beamstammen en beammen, dat grutte ferskaat oan dokuminten dus, en komme sa oan it Frysk en oan Frysk op skoalle net mear ta.

Wy hiene allegearre dat iene, datselde doel: Frysk op skoalle.

Dat makke dat ik okkerjiers, 22 desimber 2016 om krekt te wêzen, slim bliid wie mei dy manifestaasje fan Sis Tsiis op it Saailân yn Ljouwert, dêr’t doe in pear hûndert minsken op ôf kamen. Gjin dokuminten, mar in fakkeloptocht om dúdlik te meitsjen dat it Frysk gewoan in ûnderdiel fan it ûnderwiis op ús skoallen heart te wêzen. Dêr stiene en rûnen we mei-inoar. En wa’t wy wiene, wêr’t we weikamen en wat we tochten en tinke, dat die der net ta. Wy hiene allegearre dat iene, datselde doel: Frysk op skoalle. Dat dêrnei skeel ûntstie oer dokuminten, kommisjes en benammen oer it paad dat fierder gien wurde moast, is slim spitich. Ik ha lykwols begrepen dat der wer dúdlikens is en dat Siis Tsiis no op 9 maart wer sa’n soarte fan manifestaasje op it Saailân hâldt. Dat is moai, want mei Frysk op skoalle binne we ûnderwilens noch net folle opsketten. Dat eint as de man yn de moanne! Ik wol der wer by wêze en ik hoopje fan jimme allegearre. Likegoed bin ik diskear twivelriediger as dy earste kears. It binne foar in grut part grif wer deselde minsken. Der is eins neat feroare, net wat it ûnderwerp oanbelanget, net wat de organisaasje oanbelanget, net wat de minsken oanbelanget. Wy binne allinne wer in pear jier fierder en in pear jier âlder!

De generaasje fan no rêdt it net op, it klimaat net, it Frysk net.

Dy gedachten bringe my wer by de klimaatdiskusje. De generaasje fan no rêdt it net op, it klimaat net, it Frysk net. It wurdt tiid foar in oare oanpak, it wurdt tiid foar in jongere generaasje. Dat slagget dus as it om de klimaatdoelen giet. Skoaltsjesiik moat kinne as it om sokke doelen giet, wat de minister der ek fan fynt. Skoalbern, learlingen studinten ynspirearre en oanfitere troch sokken as Greta Thunsberg, Stijn Warmenhoven. Nochris, wêr is ús jongere generaasje?

En dan wit ik it. Yn de Ljouwerter Krante fan moandei 11 febrewaris lies ik ommers al in antwurd. Wy ha Sjirk Bruinsma, earder learling fan it Drachtster Lyseum Singelland, no studint yn Grins. Sjirk folge de Fryske lessen en dy foldiene him mar hiel gewoan. Hy betocht, oantrune troch syn dosinte, dat de Fryske lessen better koene. Sjirk skreau in programma dat basearre is op it lêzen fan boeken, it skriuwen fan ferhannelingen, it hâlden fan presintaasjes en diskusjes, op groepswurk, en dat op in wize dat alle aspekten fan de taal oan ’e oarder komme. Sjirk syn metoade wurket goed út. Dat docht wol bliken út de resultaten fan de eineksamens. Dy binne better as foarhinne. Sjoch sa’n studint hat it yn him. Hy kin oaren motivearje. Fan sokken, dy’t nije paden sykje, ha we ferlet. Om my mei hy it foartou nimme om it Frysk dat plak te jaan dat al jierren ferlyn ôfpraat is, dêr alteast foar op te kommen, dêrfoar te kuierjen. Oaren binne my fansels likegoed. Dy meie dat wat my oanbelanget dwaan op in wize sa’t skoalbern, learlingen, studinten fan hjoed-de-dei dat wolle. Wat soe it moai wêze as Sjirk Bruinsma of in oarenien it foartou nimt, de jongerein fia de sosjale media opropt om de manifestaasje foar Frysk op skoalle op sneontemiddei 9 maart om 15.00 oere te kapen en der in geweldige kuiertocht fan te meitsjen. Fan my meie se dy middeis skoaltsjesiik wêze!

Sa soe Sjirk Bruinsma samar ús Stijn Warmenhoven of ús Greta Thunsberg wurde kinne! Dêr ha we ferlet fan. Dat soe betsjutte dat it Frysk wer takomst hat! Dat soe wat wêze!

Foto’s Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 16 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

febrewaris 19, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.