Aant Mulder: Skriuwersboun, Sis Tsiis is jimme kâns!

febrewaris 26, 2019 07:00

Kollum

Skriuwersboun, Sis Tsiis is jimme kâns!

Okkerwyks stie it lêzen en skriuwen fan it Frysk wer aardich sintraal. Ik seach in artikel yn ’e Ljouwerter Krante fan 13 febrewaris, dêr’t yn stie dat it in gouden tiid foar de Fryske berneboeken is. Dat artikel gie oer de Simke Kloostermanpriis, de literatuerpriis foar berne- en jongereinboeken dy’t ienkear yn de trije jier útrikt wurdt. Diskear binne wol fjirtich oarspronklik Fryske wurken nominearre foar dy priis en dat is, ferlike mei oare kearen, in protte. Tagelyk lês ik dat it net allinne in protte binne, mar dat it ek hiele goede boeken binne. Der is ferskaat en der binne dúdlik boeken foar bern en foar jongerein by. De priis dy’t op 17 maaie útrikt wurdt smyt 5000 euro op. De lêste winners wiene Hanneke de Jong, Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen (2016), Thys Wadman, De oerwinnings fan Tido Houtsma (2013) en Hanneke de Jong, Salsafamke (2010). Dat binne neffens my stik foar stik aardich bekende skriuwers en aardich bekende boeken. Dat ik bin benijd.

Dy kollum hat It Skriuwersboun dus grif in pear sinten foar deltelle moatten!

Moai, dat it sa goed giet mei de literatuer. Hoewol, hast tagelyk die lykwols bliken dat party skriuwers dêr oars oer tinke. Op tongersdei 14 febrewaris organisearre It Skriuwersboun in jûn oer Polityk moetet literatuer. Ik hie derby wêze wollen, mar dat mislearre. No moast ik it ferhaal út de krante fan 15 febrewaris helje. Der wiene fiif listlûkers fan politike partijen delkommen en dy waarden befrege. Dy listlûkers wurde yn de krante neamd. Datselde jildt foar Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging en Hans van der Velde fan de Fryske Akademy. Skriuwers wurde yn dat artikel net neamd. No ja, ien dan, Douwe Kootstra dy’t sei dat er net mear skriuwt, omdat er in reedlike beleanning ha wol en dat soks der net mear yn sit. Sa stiet it alteast yn ’e krante. Lit him no krekt in kollum foarlêze meie. Dy kollum hat It Skriuwersboun dus grif in pear sinten foar deltelle moatten! Ik begryp dat dy jûns mar oer in pear dingen praat waard. Dat binne de ferkeapsifers, hoe’t minsken oan it lêzen fan Fryske boeken krige wurde kinne en dat it allegearre neat wurdt as net wat mear Friezen de eigen taal wat better leare te lêzen. Ik lês neat oer hokker skriuwers der binne en wat dy wolle, hokker plannen oft se ha. No ja, útsein Douwe Kootstra dus. En dat wylst guon útjouwers sizze dat 2018 in goed boekejier west hat mei treflik nij wurk, ek foar folwoeksenen. Sjoch yn it 0-nûmer fan De Nije: ‘In soarte fan bûgjen’.

Ik leau dat as ik der al west hie, dat ik dan grif net fleurich werom nei de Súdwesthoeke tariden wie. Fansels, boeken moatte ferkocht wurde, mar skriuwers binne dochs wat mear as gewoane winkellju. Ik miende dat ik Trinus Riemersma wolris sizzen heard ha der er skreau om te skriuwen en dat er dat ek dwaan soe as er gjin lêzers hie. Dat heart dochs ek wat by keunstners: skriuwe, skilderje, byldhouwe ensafierder om’t se net oars kinne, om’t se net oars wolle en dat it jild letter wol komt of net. Foarbylden fan earder en letter binne der genôch. Fansels soe in ynstânsje foar de promoasje fan de boeken fertuten dwaan kinne. Dat waard dy jûns ek sein. Tagelyk bliuwt it in feit dat mar krekt wat mear as de helte fan de Friezen goed Frysk lêze kin, wylst mar sa’n 10/15 prosint it Frysk skriuwe kin. Dat docht bliken út Taalatlassen en Taalsosjologyske Surveys.

Hawar, sa’t ik al sei, it giet dus goed mei de berne- en jongereinboeken. Ik bin der wis fan dat dat troch goed ûnderwiis komt. Der binne aldergelokst dochs wol aardich wat skoallen, dy’t omtinken ha foar it Frysk, skoallen dy’t oantrúnje ta it lêzen fan boeken. Dat binne dus berne- en jongereinboeken. Dat oantrúnjen rekket mei it âlder wurden op de eftergrûn. Skoallen dogge der dan ommers hieltyd minder ta. De Afûk hie earder yn Fryske kursussen foar folwoeksenen ek mear omtinken foar Fryske literatuer as no. Wat no noch oan ’e oarder komt mei hast gjin namme mear ha. Underwiis dus! Dat kin en moat better, yn alle gefallen as it om it Frysk giet. Dêrom moatte we op sneon 9 maart allegearre nei it Saailân ta, de skriuwers foarop! Doch dat. Meitsje der in ludike aksje fan! No’t ik it ûnderwiis neamd ha, kom ik oan de taal sels ta.

Ik begryp bêst dat we as we prate allegearre in eigen kleure Frysk brûke.

Dêr lês ik ek nijsgjirrige dingen oer. Yn 2015 hat de Fryske Akademy in beheinde staveringsferoaring útsteld. Tagelyk waard in foarkarswurdlist opsteld, dêr’t it de bedoeling fan is dat dy yn alle gefallen yn it ûnderwiis en troch amtlike ynstânsjes brûkt wurdt. Dy feroaringen binne sûnt op taalweb.frl werom te finen. Dy útstellen doedestiden kaam dalje op. Ik ha deroan meidien. Doe’t Provinsjale Steaten besleaten te dwaan wat de Fryske Akademy útstelde, ha ik dat beslút akseptearre. Sa wurket dat, demokratysk besjoen. Op kursussen jou ik systematysk omtinken oan de stavering fan 2015 en de foarkarswurdlist. Ik begryp bêst dat we as we prate allegearre in eigen kleure Frysk brûke. Dêr is neat mis mei, Wat net begrepen wurdt, kin daliks útlein wurde. Wat it lêzen en dus it skriuwen oanbelanget leit it lân der wat oars hinne. De lêzers moatte dan sels mei de teksten rêde. Hieltyd oare foarmen meitsje dat allegearre wat lestiger, net foar de betûfte lêzers mar wol foar al dy oaren. As we wolle dat we allegearre wat mear mei-inoar it Frysk brûke, it wat mear lêze en skriuwe, dan moatte we de latte net te heech lizze wolle. Dan is dy advyslist in goed ding. Ik ha it dan net oer dichters en skriuwers dy’t dialekten of oars kleure wurden yn gedichten, ferhalen en romans brûke. Soks heart wat my oanbelanget by it kreative proses.

Alles moat kinne, mar it hinget al wat ôf fan omstannichheden. Dat guon skriuwers noch altyd fêsthâlde oan dy pre-2015 stavering is yn dit ljocht dochs wol wat nuver (Sjoch https://www.itnijs.frl/2019/02/mei-inoar-de-skouders-derunder/ en dan de ynstjoerde reaksje dêrop). Nuver, om’t der dochs al sa’n bytsje skriuwers en lêzers binne. Dat dwaan en litten wurket grif net lêsbefoarderjend. Ik soe sizze: doch mei oan de stavering fan 2015 en brûk de foarkarstavering en doch it oars as it om it gedicht, ferhaal of roman oars moat. It wurdt tiid dat it Skriuwersboun mei dy âldfrinzige ou gewoan Skriuwersbûn mei de hjoeddeiske û wurdt!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 23 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
febrewaris 26, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

10 opmerkingen

  1. Cor Jousma febrewaris 26, 09:42

    De spiker op ‘e kop Aant. Miskien kinne guon redakteuren fan It Nijs dit stik ekris oertinke.

  2. Kees van der Beek febrewaris 26, 17:07

    Och wat spitich no, Cor. “Ditsoarte stikels, dêr knapt in Fries fan op”. Net dus! Dit boadskip fan Aant wie nei myn betinken net foar de redakteuren fan It Nijs bedoeld

  3. Cor Jousma febrewaris 27, 09:28

    Bêste Kees, it is net oars. De wierheid hat in skel lûd…

  4. Ferdinand de Jong febrewaris 28, 16:04

    Faaks in kâns foar Sis Tsiis: sjoch ris nei de lêste útstjoering fan Ridders van Gelre op Omroep Gelderland (moandei-jûn), mei as ûnderwerp: regionale skiednis.
    Dêrin koest sjen hoe’t dy “rúters” advys krije fan heechleraer Maarten van Rossem(!), in skoalle besykje en fernimme dat dêr botte min oer de Gelderske skiednis ûnderwiisd wurdt.
    Dêrnei diele sy in tapaslik stripferhaal út, dat troch de jongerein tige goed ûntfange wurdt. Sy prate
    ôf om alle skiednisleraeren te benaderjen, te foarsjen fan in lespakket en te fersiken dat ek te brûken.
    Set dit oer nei de Fryske situaasje (en taal fansels!) en kinst yn ien kear skiednis, kultuer en taal op in oansprekkende wize by de jongerein bringe.

  5. Nanne maart 3, 13:51

    Der binne tefolle staveringsferoarings yn in tekoarte tiid. De lêste staveringsoanpassings ha neat om ‘e hakken – de mearderheid fan Friezen dy’t noch net Frysk skriuwe kin, sjocht it ferskil net iens – mar meitsje minsken dy’t yn it skoft foar 2015 Frysk skriuwen leard ha ûnwis. Ik wit no net mear oft ik droech of drûch skriuwe moat of televyzje of telefyzje, ensafh. Dy foarkarswurdlist is ek betiizjend. Mei ik ynienen net mear wizigings sizze, mar moat it wizigingen wêze? Op hokfoar grûnen? Boeken stean noch fol mei de âldere stavering en http://wurdboek.nl/v2/index.php jout dy ek noch hieltyd. De staveringsferoarings/en yn de foarrige iuw/ieu wienen fersimpelings/en en dêr foel wol wat foar te sizzen. Mar oer it generaal moat men safolle mooglik fan de stavering ôfbliuwe om it wurdbyld fan de skriuwers net te skansearjen. En de rykdom oan Fryske taalfarianten moat al hielendal alle romte/rûmte krije!

  6. Cor Jousma maart 4, 09:22

    Bêste Nanne, de Fryske Steaten hawwe yn 2015 mar 330 wurden oanpast.

    https://fy.wikipedia.org/wiki/List_fan_omstavere_wurden

    En by need is der in staveringshifker…

  7. Henk Wolf maart 4, 22:08

    De Steatestavering is yn 2015 op folle mear wurden oanpast. ‘Poes’ is it bekendste foarbyld, dat hie neffens de Steatestavering fan 1980 ‘pûs’ west, al skreau fansels gjin minsk it sa.

    Wol stiet der op de site fan de Fryske Akademy in list fan 332 wurden dy’t yn de Steatestavering fan 2015 ôfwike fan de stavering dy’t doe ynboargere wie. Dy stavering wie wol basearre op de Steatestavering fan 1980, mar der sieten ek allegear skriuwwizen yn dy’t yn ‘e rin fan ‘e tiid troch wurdboekskriuwers en metoademakkers betocht wienen.

    Mar mei dy 332 wurden binne lang net alle ferskillen tusken de Steatestavering fan 2015 en de ynboargere skriuwwize fan dêrfoar opneamd. Ik ha dêr in skoftlyn in hele rige stikken oan wijd. Dy binne yn 2015 ûnder it kopke ‘Staveringssurprizes’ op itnijs.nl ferskynd. Se steane der noch wol op, allinne steane de plaatsjes der net mear by. De folsleine stikken binne noch wol te finen op:

    http://www.henkwolf.nl/wp-content/uploads/stikjes_ItNijs.docx

  8. Cor Jousma maart 5, 10:21

    Bêste Nanne en Henk, it is net myn bedoeling om de strideraasje fan 2014-15 hjir nochris oer te dwaan. Foar my hie dy staveringsoanpassing fan 2015 wier net hoecht, mar it is sa’t it is.
    En wy kinne eamelje oant wy ús holle aanst dellizze en wy kinne soks ek net dwaan…

  9. Nanne maart 5, 21:59

    Strideraasje is ek foar te kommen troch net algeduerigen wer kommentaar te jaan op de stavering, mar gewoan te akseptearjen dat der mear farianten goed binne. Yn it Nederlânsk mei in cadeau dochs ek in kado wêze? En foar in protte minsken smakket in pannekoek ek nei de lêste staveringswiziging noch hieltyd better as in pannenkoek en dat is in akseptearre alternatyf.

  10. Cor Jousma maart 6, 11:37

    [te akseptearjen dat der mear farianten goed binne] Bêste Nanne, bûten dy likernôch 300 wurden hast gelyk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.