Aant Mulder: Kwakkelwinter sûnder Piet?

febrewaris 12, 2019 07:00

Kollum

Kwakkelwinter sûnder Piet? Lit my by it begjin begjinne. It wie op in moarn betiid dat ik bliid wie dat ik yn de auto siet en net op ’e fyts. It wie kâld, net fyntsjes kâld sa’t it yn ’e winter heart, mar earder wetterkâld. De gefoelstemperatuer wie yn alle gefallen aardich ûnder nul. Hawar de kachel oan en ride mar. Ik hie allinne ien probleem, ik moast noch tanke. Dêr wie ’k net rjocht op klaaid. Yn ’e auto koe it wol wat lije, mar bûtendoar net. Dat fernaam ik daliks wol. Dus avesearje, tanke en betelje. Dat die ik. De frou efter de kassa, dy’t noch net folle te dwaan hie, winske ik goemoarn en ik makke in opmerking oer de kjeld. Hoe soe ’t ek oars. Wy ha it ommers ivich en erflik oer it waar. Dêr bin ik net in útsûndering op. De frou efter de kassa sei “Ja, dat hat sa’n kwakkelwinter no ienris fan gefolgen.”

Dat wurdsje kwakkelwinter fernuvere my. Ik hie my net realisearre dat guon ien of twa kear wat snie en iis al in kwakkelwinter neame. Foar myn gefoel duorret kwakkeljen folle langer. Dat betsjut ommers dat it ôfwikseljend friest en teit en dat soks in skofte duorret. Kwakkelje, dat is omwinterje. Mar, safolle winter ha we neffens my noch net hân. It hat in kear of twa ferzen. De blommen ha op de ruten stien en der hat in iislaachje yn ’e sleatten lein. Op ûnderstrûpt lân koe riden wurde, of krekt net. It is dus net mear in iepen winter, want dan komt it net oan iis ta. It is ek krekt gjin skjinne winter mear, want dan hie der gjin snie falle moatten. En snijd hat it! Tink mar oan koade giel, treinen dêr’t de helte minder fan rieden en auto’s dy’t yn de langste file ea stiene. Ik wie doe ek ûnderweis, dat dat rekôr is mei oan my te tankjen. Dúdlik, it hat ferzen en snijd, mar om dat no al in kwakkelwinter te neamen, dat giet my mâl genôch.

Der kin noch wol in strange winter of sels in Alvestêdewinter komme.

It kin fansels noch wol moai winterwaar wurde. Der kin noch wol in strange winter of sels in Alvestêdewinter komme. It is ommers noch mar febrewaris. Hoewol’t we de wintermoanne desimber en de foarmoanne jannewaris al hân ha, docht hieltyd faker bliken dat de sellemoanne febrewaris derta docht. Acht fan de fyftjin Alvestêdetochten waarden yn febrewaris ferriden en datselde jildt foar dy twadde net offisjele Alvestêdetocht yn 1929. Dy waard sels op de lêste dei fan febrewaris útskreaun. Mar goed, wy ha hast allegearre noch wol de tochten fan 21 en 26 febrewaris yn 1985 en 1986 yn ús ûnthâld. Dêrnei kaam noch ien, dy fan 4 jannewaris 1997.

Ik jou ta, it liket no net op winter, op gjin stikken nei. De loft is kjelderich, dat wol, mar der is gjin winter oan ’e loft. Om my mei it wol efkes fyntsjes taknipe. Mar it is op dit stuit hyn ofte nei gjin winterwaar. Ik sjoch gjin bewyske fan snie en iis. Ik sjoch gjin spjelden en nullen op de fearten en al hielendal gjin papieren souder, dy’t it mooglik makket om foarsichtich te probearjen oft it iis al hâldt. Oer sterk iis kinne we allinne noch mar dreame. Nee, it friest noch gjin hynste-iis en der lizze dus foarearst ek noch gjin balken ûnder it iis. It hat alle kâns dat it yn de kommende tiid noch wolris krôket, dat der wat snieflokjes falle, mar in jachtsnie liket it ek net op. Snie dy’t wisket en jaget, wa hat der noch weet fan! Hawar, as it net iens snijt of friest, dan hoege we it oer teiwaar net iens te hawwen. Wa wit noch wat ûntlittend waar is. It is net tafallich dat bern hieltyd faker prate oer snie en iis dat smelt! Ik rûs dat it wol ophâlde sil mei in hagedoarnwinter, in pear kâlde dagen yn maaie.

Se tinke by SBS6, dat se wol sûnder Piet Paulusma fierder kinne.

Ik koe it net litte en praat efkes oer winterske wurden. Oars reitsje we dy samar kwyt. It begjin is der al. Snie en iis dat smelt! Wêr binne de tiden mei strange winters en de waarmannen dy’t dat waar moai ferdútse koene. Ik tink oan Hans de Jong, oan Jan Pelleboer en no fansels oan Piet Paulusma. De Jong en Pelleboer holden prachtige waarpraatsjes. Beide hiene in grutte wurdskat as it om it waar gie en se koene dêr byldzjend oer fertelle. De Jong die dat eins allinne foar de radio, wylst Pelleboer hieltyd faker de telefyzje foar kar naam. Beide binne yn myn eagen foargongers fan Piet Paulusma. Yn dizze tiid mei waarmannen en ‑frouwen mei hast allegearre deselde strak regissearre ferhaaltsjes en mei apps mei deselde, of krekt noch wat minder, ynformaasje meitsje grif dat se by SBS6 fan Talpa TV tinke dat se wol sûnder Piet Paulusma fierder kinne. Spitich, want sa ferdwynt in eigen ynfalshoeke as it om it waar giet. En wat wier is moat sein wurde, dat ‘Oant moarn’, dat hat ek wol wat. Hawar Piet Paulusma hat hast noch in jier en hy giet fansels gewoan troch by Omrop Fryslân. Likegoed liket de ein fan syn karriêre as waarman stadichoan yn sicht te kommen. Soe er dat sels ek tinke en dêrom syn âlde hobby wer opkrije? Of soe it draaien fan Pietplaten op Omrop Fryslân dêr neat mei te krijen ha? Wa sil it sizze. Wat my oanbelanget, ik tidigje, krekt as Piet Paulusma sels (sjoch Piets blog), noch hieltyd op in strange winter en op de waarman dy’t ús net allinne no, mar dan grif ek wer op syn eigen wize bypraat.

Dan betink ik wat ik ris fan Hans de Jong begrepen ha. Yn de tweintiger jierren fan de foarige iuw ha we neffens him ek skoftenlang gjin winter hân. De minsken seine doe ek dat it nea wer winter wurde soe. Dat gie De Jong te stûf. Hy wie doe fan betinken dat de winter, de Alvestêdewinter, grif wer komme soe. Hy krige gelyk. Wêrom wy dan net, as we sizze dat dy winter alle jierren tichterby komt. Mar goed: Ien skierroek makket noch gjin winter.

De foto’s binne fan Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 9 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

febrewaris 12, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.