Aant Mulder: Ien Fries, allegearre Friezen

febrewaris 5, 2019 07:23

Kollum

Ien Fries, allegearre Friezen, dat soe hast de útkomst wêze kinne fan alle aksjes om genealogyske ûndersiken hinne. Friezen ha mear as in bytsje belangstelling foar dat soarte fan ûndersiken oangeande har komôf. Dat begjint al as we mei oaren yn ’e kunde komme wolle. Wy fertelle dan graach fan wa’t we ien binne en wêr’t we weikomme. Dan docht ornaris rillegau bliken dat we faak en folle famylje faninoar binne. Hjoed-de-dei kinne sokke petearen hieltyd faker ûnderboud wurde mei genealogyske ûndersiken. Party minsken ha dêr aardichheid oan en Tresoar stipet dat omraak. Der binne ek aardige resultaten te melden. Ik tink oan reedrider Sven Kramer en turner Epke Zonderland dy’t yn de fierte neven faninoar binne. Abe Lenstra en Atsje Keulen-Deelstra binne oare foarbylden fan dy besibbens. Wat it útsykjen fan soks oanbelanget moat Pieter Winsemius fansels neamd wurde. Dy makket dêr suver deiwurk fan. Troch syn ûndersiken en dy fan oaren, dêr’t ik aanst noch wol oer op ’e tekst reitsje, hat it der alles fan dat hast alle Friezen fan earder en letter oaninoar besibbe binne.

Grutte Pier. De kanon fan de skiednis fan Fryslân. Gravuere út de Chronique fan Winsemius. Kolleksje Tresoar (sjoen yn de tv-útstjoering Verborgen Verleden oer Gerrit Zalm.)

Dêr bliuwt it net by. Bekende Nederlanners krije ek hieltyd mear omtinken foar it eigen ferline. Pieter Winsemius ha ’k al neamd. It seit himsels dat sa’n man it eigen komôf ek bestudearre hat. It doch bliken dat er Fryske foarfaars hat. Sneupe is ien ding, skriuwe oer datsoarte fan ûnderwerpen is in hiel oar o-heden. Winsemius hat dat dien. In moai foarbyld dêrfan is syn boek Niet zonder tranen dat oer Arnoldus Winsemius, in sibbe út de santjinde iuw giet. Der binne mear dy’t oer it ferline fan de eigen famylje boeken skreaun ha. CDA-fraksjefoarsitter Sybrand van Haersma Buma is ek sa’n man. Dy hat yn ’e mande mei in efterneef in boek skreaun oer Gerlacus Buma, in foarfaar, dy’t as Fryske patrisiërssoan yn it leger fan Napoleon en Willem I tsjinne hat.

Hieltyd mear minsken ûntdekke dat se fan Frysk komôf binne. Wy ha der aardichheid oan. Yn 2015 sette Tresoar en it lokaasjeteaterselskip PeerGroup Grutte Pier ‘DE FAMYLJE’ op. It joech minsken de mooglikheid om leechdrompelich út te sykjen, útsykje te litten oft se wol of net famylje fan Grutte Pier binne. It die bliken dat it mear as in pear wiene, om krekt te wêzen 2070. Dêr hearre bekende en minder bekende nammen by. Ik neam de sjonger en toanielspiler Tim Douwsma, de sterkste man Wout Zijlstra, de romtefarder André Kuipers, mar ek de shorttracker Sjinkie Knegt, topmodel Doutzen Kroes en fansels ús waarman Piet Paulusma! Op 19 juny 2016 (heitedei) kamen ferskate fan de nij ûntdutsen famyljeleden yn Kimswert gear foar in famyljedei Allegearre Friezen yn ieren en sinen dus.

En as dat noch net genôch is, waard ferline jier troch it CBG (Sintrum foar famyljeskiednis), Tresoar en HCL (Histoarysk Sintrum Ljouwert), ûnder de namme Famillement 2018 in grut famyljehistoarysk barren organisearre, in barren, dêr’t ek it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy yn behelle waard. Dy famyljehistoaryske dei waard op in snein yn juny yn Ljouwert holden. Der kamen sa’n 3100 minsken op ôf dy’t dêr niget oan hiene. Dat wiene allegearre minsken dy’t mear witte woene oer stambeamûndersyk en komôf. It sil jimme grif gjin nij dwaan dat Pieter Winsemius ien fan de sprekkers wie. Dêr waard ek buorkundich makke, dat Sven Kramer, Suzanne Schulting en Jorrit Bergsma fiere famylje faninoar binne. Op dat Famillement kamen fierder ek de mooglikheden fan DNA as it giet om genealogysk ûndersyk, oan ’e oarder.

Grutte Pier (foto Aant Mulder)

No wie my earder al opfallen dat aardich wat minsken Fryske foarfaars ha. Troch boeken, stúdzje en ûndersyk lykje dat der hieltyd mear te wurden. Dêr moast ik wer oan tinke, doe’t ik fan de NPO2-searje ‘Verborgen Verleden’ de ôflevering oer Gerrit Zalm seach. Dy âld-minister en -bankman hie ek it Grutte Pierbewiis ha kinnen. Syn mem komt fan Koudum en fia har stammet Gerrit Zalm streekrjocht ôf fan de heit fan Grutte Pier. Dat waard yn dat programma dúdlik. De ein liket derfan wei te wêzen. Hieltyd mear minsken wurdt it dúdlik dat se in soarte fan Frysk komôf ha. Eins is dat net iens nuver. Wa’t tinkt in Nederlânsk komôf te hawwen, is gau klear mei syn stambeam. Dy kinne mar in pear hûndert jier yn de tiid werom. Nederlanners dogge ommers noch mar sûnt de tiid fan de Tachtichjierrige Oarloch mei. Dat is de tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Foar dy tiid hiene we Hollanners, Siuwen en mear fan dat soarte fan groepen. Mei de Hollanners kinne we yn alle gefallen fierder yn de tiid werom. Rûchwei sa’n tûzen jier. Dat is de tiid fan Durk III, dy’t it om it jier 1000 hinne mooglik makke dat de sompen yn ’t westen it begjin fan Hollân waarden.

No wit ik wol dat we mei Grutte Pier net fierder weromkomme as om 1500 hinne. Wat soe it moai wêze as we noch fierder yn ’e tiid werom om komôf sykje kinne soene. Dat wurdt lykwols helte lestiger. Wat fierder tebek, wat minder der opskreaun is. Faaks dat DNA útkomst bringe kin. Hawar, ik ha net meidien oan Famillement, dat it krekte wit ik dêr net fan. As dat lykwols slagje soe, wurdt it tal minsken dat fan syn Frysk komôf op ’e hichte is grif noch folle grutter. De Friezen wenje hjirre ommers al fan foar de jiertelling ôf. Wy witte fierder dat nei de Romeinske tiid te uzes Friezen, Saksen en Franken wenje en dan giet it benammen om de Friezen en Saksen. De Friezen ha doedestiden kâns sjoen om in aardich grut gebiet te beskreppen, fan Sincfal oant Wezer. Dat wiene de tiden fan Aldgillis en Redbad. En no’t ik it dochs oer ús Fryske keningen ha, bin ik benijd wannear’t de earste neikommelingen fan harren buorkundich makke wurde. Der komme sa grif noch mear dy’t witte dat se fan Frysk komôf binne. Ik sei it al: ien Fries, allegearre Friezen.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 2 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

 

febrewaris 5, 2019 07:23
Skriuw in reaksje

10 opmerkingen

  1. Eiber van der Veen febrewaris 5, 20:51

    Allegear Friezen, Jo ha gelyk Aant, mar net Durk III mar Durk IV wie de earste dy’t it oer Holtland hie, en dat giet net oer sompen, mar oer it boskje by Skeveningen, it hout, yn syn taal holt, dêrt hja har nei wenjen set hienen, mar op syn segel is hy noch “comes in frisia”.
    Hollanders binne friezen krekt lykas wy, mar mochten dat fan de franken net mear wêze. Hja wennen no yn it frankyske ryk en moasten har no as franken gedrage. De kollaborateurs, dy’t jo by elke besetting wol fine, dienen dat ek, en waarden in nije elite, en praten dêrnei “Hooghaarlemmerdyks” in frankysk dialekt dat no foar ‘nederlands’ troch giet, mar de oarspronklike taal yn dit gebiet wie frysk, of eins ingwelsk? Mar dat wie deselde taal neffens King Alfred fan Wessex (871 – 899). En sunt wienen minsken dy’t noch frysk praten, steats fijannen, en sa wurde se troch in protte nederlanders noch altyd besjoen en behannele. Allegear friezen, mar in hiel folk dat sa harsensspield en yndoktrinearre is dat hja gjin friezen mear wêze wolle/kinne/ doarre/meie (sykje mar út wat it bêste past). De measte friezen yn Fryslân beskôgje harsels as twadderangs minsken mei in twadderangs taaltsje ,dat hja net brûke doarre tsjin de hûn, lit stean tsjin menhear en mefrou.

  2. Abe febrewaris 5, 22:00

    Mei dna-ûndersyk twatûzen jier âlde ,,Fryske” konneksjes bleatlizze sil net slagje, Aant. Grif wolris heard fan de folksferhuzingen?

  3. Folkert de Vries febrewaris 6, 17:16

    Foar Eiber: Jo leste sin yn it stikje tekst kloppet fan gjin kanten…

  4. Eibert van der Veen febrewaris 6, 20:04

    Reaksje, Abe, dna ûndersyk is net nedich, Steffen Lebecq hat bewiis genôch levere fan it wenjen fan Friezen by de kust lâns fan de Seine yn Frankryk oant Romö yn Denemarken. En ik beheinde my ta Nederlân.
    En Folkert, as jo fine dat dat net goed sjoen is bewiis dat dan troch oan te jaan wer’t ik mis bin.

  5. RobMokum febrewaris 7, 11:14

    Wêrom soe dna-ûndersyk net nedich wêze? No Eibert, asto alles leauwe moast dat troch ien opskreaun is (en der binne genoch oaren dy’t wat oars skreaun hawwe) dan soene we noch altyd tinke dat de frou út in rib komt en de ierde seistûzen jier âld is. Ien ja soarget net dat tsien nee’s der net mear ta dogge. Dyn letste sin is boppedat de logika fan’e rjochtspraak in tûzen jier ferlyn. Die hawwe we neat foar neat net mear.

  6. Eric febrewaris 7, 11:59

    DNA-ûndersyk soe hiel aardich wêze om wat sicht op migraasjepatroanen te krijen. Dêrtroch witte wy bygelyks ek dat de Iislanners foar in part fan Noarske manlju en Ierske froulju ôfstamme. De Noarmannen hie nammentlik in ryk yn Ierlân opboud, en fan dêrút binne se (nei Iislân ferfearn. Mar goed, it bliuwt de fraach oft der in genetyske marker is om de Friezen fan de Saksen of de Franken te ûnderskieden. It binne allegear Germaanse talen en nau besibbe minsken.

  7. Albert de Jong febrewaris 8, 15:52

    Oer migraasjepatroanen: myn suster en ik (mei Fryske foarâlden) hawwe in etnysk DNA-ûndersyk dwaan litte. De útslach wie ferrassend foar ús. It die bliken dat ús komôf foar 59,6% Skandinavysk, foar 39,1% Noard-en West-Jeropeesk en foar 1,3% Ingelsk is. It plak dêr’t de trije inoar oerlaapje is: Fryslân! Om’t it in algemien etnysk ûndersyk wie, soe it foar mear Friezen fan tapassing wêze moatte en oerienkomme mei histoaryske boarnen en migraasjestreamen.

  8. Eibert van der Veen febrewaris 8, 20:48

    RobMokum, De stúdzje fan Lebecq wurdt troch ferskate bûtenlânske skriuwers mei ynstimming oanhelle, en der hat noch nea in skiednisskriuwer west dy’t gjin krityk krige, Mar ik fyn it in hiel wichtige ûndersyk nei de fryske hannel en seefeart mei in lyts hûnderd skriftlike bewizen fan oarkonden út dy tiid. Dat is hiel wat oars as de joadske mytelogy dêrt jo mei oankomme. En dy lêste sin hat neat mei âld rjocht te krijen, mar mei de deistige tastân fan frysk en Friezen no.

    Eric, mei dna ûndersyk migraasje streamen bewize soe moai wêze kinne, mar yn Ingelân slagge dat net. Dy folksferfarring fan angelen en saksen hat der blykber nea west of it hie net folle om’e hakken.

    Albert de Jong, Jo bydrage is in prachtich bewiis fan de ferwantskip fan de Ingweoanske folken om de Noardsee hinne. Ienris ien folk mei ien taal.

  9. Anonym febrewaris 9, 09:31

    verwantschap – besibbens

  10. Eibert van der Veen febrewaris 9, 20:08

    Anonym hat gelyk, besibbens soe hjir better passe.
    Mar ûndertusken dwale we ôf, en betiezje yn bykomstichheden. Myn miening is, dat de oarsaak fan de minne tastân fan frysk en Friezen yn Nederlân is, dat men troch diskriminaasje it folk yn twaaen skuort hat, in boppelaach dy’t net mear frysk neamd wurde wol en it foar it sizzen hat, en in ûnderlaach dy’t him noch frysk neamt en fielt, mar dy’ t as it syn eigen, de oarspronklike nederlânske taal brûkt yn it iepenbier, eins net mear meidwaan mei. In oanhâldend slim ferskil yn behanneling sawol fan de taal as fan de minsken dy’t dy taal brûke, dy’t net bestean mei yn in lân dat yn syn grûnwet elke diskriminaasje ferbiedt. Dy diskriminaasje sil oantoand, oanklage en rjochtset wurde moatte sil it frysk en it fryske folk in takomst hawwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.