2018 fjirde waarmste jier op rige

febrewaris 7, 2019 10:36

2018 wie wrâldwiid besjoen it fjirde waarmste jier op rige. Dat docht bliken út ûnôfhinklike analyzen troch NASA en it National Oceanic and Atmospheric Administration (NOAA).

De wrâldwide temperatueren yn 2018 wiene yn trochsneed 0,83 graden Celsius heger as yn de perioade fan 1951 oant 1980, lit NASA witte. Yn 2018 wie it in bytsje minder waarm as yn 2016, 2017 en 2015. De ôfrûne fiif jier binne, byinoar, lykwols de waarmste jierren sûnt dy mjittingen dien wurde. Sûnt 1880 is de trochsneed wrâldwide oerflaktemperatuer mei 1 graad Celsius omheechgien. Dy waarmte wurdt foar in grut part feroarsake troch de útstjit fan koaldiokside en oare broeikasgassen yn de atmosfear as gefolch fan minsklike aktiviteit, seit de direkteur Gavin Schmidt fan it NASA Goddard Institute for Space Studies (GISS) yn New York.

De opwaarming is it slimst op de Noardpoal, dêr’t yn 2018 in protte see-iis ferlern gie. Dêr komt it grutte ferlies fan iismassa yn Grienlân en de Súdpoal by, dat as gefolch hat dat it seenivo heger wurdt. De ynfloed fan in lange tiid fan wrâldwide opwaarming wurdt al fernaam mei oerstreamings, hjitteweagen, in ûnbidich soad reinwetter en feroaring fan it ekosysteem, seit Schmidt.

Sjoch op de webside fan NASA foar mear ynformaasje oer de opwaarming.

Hjoed fiere in protte Nederlânske skoalbern aksje foar it klimaat op it Maliefjild yn De Haach. Se bliuwe wei fan skoalle om’t se mear ynset wolle fan de oerheid en de mienskip foar in better klimaat. 350 wittenskippers ferklearje yn in iepen brief, dy’t publisearre is op de webside fan Trouw, dat de skoalbern dy’t tongersdei yn aksje komme “grut gelyk” hawwe. Under de groep wittenskippers binne promininte miljeu- en klimaateksperts.

Besjoch in filmke fan NASA oer de opwaarming fan de ierde.

febrewaris 7, 2019 10:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.