2 – 31 maart: Moanne fan it Fryske boek

febrewaris 22, 2019 10:09

De Moanne fan it Fryske boek set dit jier útein mei in Boekebal op sneontejûn 2 maart yn Neushoorn yn Ljouwert.

De spikerhurde rock-’n-roll dy’t dêr spile wurde sil is alhiel yn de styl fan it kadoboek Rosmos fan Willem Schoorstra. Dat is in spannende en humoristyske roman, dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. It is in ferhaal oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. By oankeap fan € 12,50 oan boeken kriget men it fergees derop ta.

It earste eksimplaar fan Rosmos sil op it Boekebal oan deputearre Sietske Poepjes oerlange wurde. Fierder binne dêr mastertatoeëarder Rinto, dy’t smoute ferhalen fertelt en de Junkyard Dogs mei muzyk dy’t de spesy tusken de stiennen wei spylje sille.

De ynrin is fan 20.00 oere ôf en it programma begjint om 20.30 oere. De yntree is fergees.
Neushoorn is oan it Ruiterskwartier 41 yn Ljouwert.

febrewaris 22, 2019 10:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.