17 miljoen foar sterke en moaie Fryske Iselmarkust

febrewaris 14, 2019 12:08

Yn 2023 sil de Fryske Iselmarkust op fiif plakken fersterke en oantrekliker makke wêze. It Ryk en Fryske oerheden lûke dêr mei-inoar omtrint 17 miljoen euro foar út. It grutste part fan it jild is ornearre foar it fersterkjen fan de kust. Dy is de ôfrûne tsientallen jierren stadichoan ôfbrokkele troch in ûnnatuerlijk peilbehear yn de Iselmar. Dêrnjonken giet in part nei it oantrekliker meitsjen fan it gebiet. Bygelyks troch it oanlizzen fan natuer, nije fytspaden en it meitsje fan strannen.

Minister Van Nieuwenhuizen (Ynfrastruktuer en Wettersteat), deputearre De Rouwe (provinsje Fryslân), wethâlder Offinga (gemeente Súdwest-Fryslân) en wethâlder Veltman (De Fryske Marren) tekenen hjoed in bestjoersoerienkomst yn Warkum. Oanlieding foar de miljoeneynvestearring is it foarkommen fan fierdere ôfslach fan de kust. It ynfieren fan in fleksibel wetterpeil sil dêr gjin ferbettereing yn bringe. Yn de simmerperioade mei it wetterpeil yn de Iselmar aanst op syn heechst 20 sintimeter yn hichte ferskille. It ryk investearere 12 miljoen euro yn in sterke kust. Fryske oerheden dragen 4,9 miljoen euro by om tagelyk kânsen op it gebiet fan natuer, rekreaasje en kultuerhistoarje te fersulverjen.

Undertekening bestjoersoerienkomst en oanbieding sjek oan fûgelbeskerming yn de Warkumerwaard. F.l.n.r.: deputearede Sander de Rouwe, minister Cora van Nieuwenhuizen, wethâlders Frans Veltman (Fryske Marren) en Maarten Offinga (Súdwest-Fryslân). Foto: Jaap Spieker

Troch ynwenners betocht
De plannen foar de Iselmarkust komme fan de ynwenners en ûndernimmers sels. Warkum is ien fan it plakken dêr’t ferskate winsken no werklikheid wurde. Natuergebiet de Warkumerwaard wurdt opknapt en útwreide, op it strân komme bettere plakken foar swimmers en (kite)surfers en der komt in strekdaam om it Soal better tagonklik te meitsjen.
Njonken Warkum kinne de projekten by Hylpen, Gaasterlân, Laaksum en De Lemmer rekkenjen op finansjele stipe. De Makkumer eilantsjes, it slûske by Molkwar en it lânbouinisjatyf de Gaasterwaarden steane op de reservelist. Dêr is op it stuit net genôch jild of draachflak foar.

Hoe fierder?
De gearwurkjende Fryske oerheden, it Ryk en It Fryske Gea hawwe it kommende jier nedich om de plannen út te wurkje en klear te meitsjen foar realisaasje. Fan 2020 ôf giet de skeppe yn de grûn. It stribjen is dat de projekten yn 2023 ôf binne.

Blik op 2050
It fersterkjen en kreazer meitsjen fan de Fryske Iselmarkust is in earste stap yn de oanpak fan de Iselmar. De ambysjes fan it Ryk, provinsjes, gemeenten en wetterskippen rikke fierder. Yn de Agenda IJsselmeergebied 2050 wurkje se gear oan maatregels en projekten foar de kommende tritich jier. De gearwurkjende Fryske oerheden meitsje in Frysk ambysjeprogram.

 

 

 

febrewaris 14, 2019 12:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.