​Sûnder druk: sosjale wurkfoarsjenning yn ’e benearing

febrewaris 6, 2019 09:40

Yn in bedriuw dêr’t de druk derôf wêze moatte soe, rint dy hieltyd fierder op. Caparis is it grutste sosjale wurkbedriuw yn Fryslân. Acht gemeenten binne mei-inoar eigener fan it bedriuw dat wurk biedt oan 2200 minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. De wurknimmers belibje al in pear jier in ûnwisse tiid. Geane de gemeenten troch mei it gearwurkjen mei it bedriuw of folje se it wurk tenei op in oar wize yn?

Foto: Omrop Fryslân

De sosjale wurkfoarsjenning stiet ûnder druk. Nei de ynfiering fan de partisipaasjewet yn 2015 binne gemeenten ferantwurdlik foar de wurkfoarsjenningen. Tagelyk is der bot besunige op it wurk foar arbeidsbeheinden. De gemeenten bepale mei hoe’t de takomst fan Caparis derútsjocht. De kommende wiken sille dêr besluten oer falle.

Yn de Fryslân DOK dokumintêre Sûnder druk komme de wurknimmers fan Caparis oan it wurd. Wat betsjut it bedriuw foar harren en wat soe it betsjutte as de wurkfoarsjenning ôfbouwe moat? Direkteur Alex Bonnema sketst in byld fan it bedriuw en de konsekwinsjes fan it mooglik tebeklûken fan gemeenten út de saneamde mienskiplike regeling fan Caparis. Bonnema sit bot yn noed oer in eventuele ûntmanteling fan it bedriuw.

Sûnder druk
De Fryslân DOK-dokumintêre Sûnder druk is snein 10 febrewaris fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

febrewaris 6, 2019 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.