Yn jannewaris mear skiedingen as houliken

jannewaris 10, 2019 11:05

Jannewaris minst romantyske moanne

Alle jierren is jannewaris de moanne dy’t by Nederlanners it minst yn it teken fan de leafde stiet. Foar fereale spantsjes is it nammentlik de minst populêre moanne om yn it houliksboatsje te stappen. It is sels sa slim dat der yn de moanne jannewaris al fan 2010 ôf mear skiedingen útsprutsen as houliken sletten wurde. Dat docht bliken út de Nasjonale Echtskiedingsmonitor fan Gecertificeerdemediators.nl dy’t opsteld waard mei data fan it CBS en Eurostat.

Foto: pixabay.com

Nederlanners skiede boppegemiddeld faak
Yn trochsneed wurde der yn Europa op hûndert ôfsletten houliken 43,4 skiedingen yntsjinne. Nederlânske spantsjes blike lykwols neffens de resintste Europeeske data fier boppe dy trochsneed te lizzen. Op hûndert nije houliken skiede der nammentlik 51,2 Nederlânske stellen. Yn ferliking mei Europeeske koprinner Portugal falt it lykwols noch ta. Foar alle hûndert houliken dy’t dêr sletten waarden, waarden der nammentlik 69 beëinige.

Hieltyd mear skieden ynwenners
Trochdat der hieltyd mear skiedingen oanfrege wurde en minsken hieltyd minder gau (opnij) yn it houliksboatsje stappe, nimt yn sawat alle gemeenten it persintaazje skieden ynwenners ta. It oandiel skieden ynwenners is it sterkst tanaam yn de gemeenten Noord-Beveland, Eaststellingwerf en Doesburg. Inkeld yn Amsterdam en op Flylân sakke it persintaazje.

Skieden manlju boaskje faker opnij
Nei in echtskieding boaskje manlju faker opnij as froulju. Fan alle Nederlanners dy’t yn 2017 opnij trouden, wie nammentlik 52,6% manlik. Foaral yn de rikere gemeenten yn de Rânestêd is it ferskil it grutst. Yn Oegstgeest en Amstelveen bygelyks is fan alle skieden ynwenners mar 37% manlik. Yn Wassenaar en Laren komt dat persintaazje del op 38%.

Yn mar fjouwer gemeenten yn Nederlân wenje wat mear skieden froulju as skieden manlju. Dat is it gefal yn De Marne (Grinslân), Staphorst (Oerisel), Boekel en Baarle-Nassau (Noord-Brabant).

Dizze en oare regionale data oer echtskiedingen binne te finen yn de Nasjonale Echtskiedingsmonitor.

jannewaris 10, 2019 11:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.