Wurkgroep húsfêsting arbeidsmigranten yn Waadhoeke meikoarten oan ’e slach

jannewaris 19, 2019 15:43

De gemeente Waadhoeke hold ôfrûne tongersdei yn Marsum in gearkomste oer de húsfêsting fan arbeidsmigranten. Oer de hûndert minsken kamen dêrop ôf. Op foarstel fan de prosesbegelieder KAW sil in wurkgroep foarme wurde dêr’t alle partijen dy’t it oangiet yn fertsjintwurdige binne. Dy moat ien of mear mooglike oplossingen formulearje dy’t noch foar de simmer oan de gemeenteried presintearre wurde.

Der waard tongersdei al drok en kritysk oer alderhande aspekten fan it ûnderwerp neitocht. It gie net inkeld om de húsfêsting fan de arbeidsmigranten, mar ik om de leefberheid fan de omwenners en de arbeidsmigranten sels. Wethouder Nel Haarsma, dy’t it ûnderwerp yn de portefúlje hat, is tefreden oer de útkomst: “Oanwêzige partijen wolle meiwurkje oan in mooglike oplossing. Dat is winst.”

Gearstalling wurkgroep
Alle belutsen partijen – de arbeidsmigranten sels ek – sille yn de wurkgroep fertsjintwurdige wurde. It foarstel fan tsien leden waard troch de oanwêzigen oanskerpe mei in sit foar immen út de wykrieden en immen dy’t de útstjoerburo’s fertsjintwurdiget. De wurkgroep moat in rjochtingjaand stik foar de gemeenteried skriuwe en kriget dêr stipe by fan KAW advysburo, as ûnôfhinklik prosesbegelieder mei ûnderfining yn wenningmerkkwestjes.

Groepsynterviews
KAW sil ek petearen hâlde mei fiif doelgroepen: de arbeidsmigranten, de doarpsbelangen en wykrieden/buertferieningen, de húsfêsters, de wurkjouwers en de gemeenten Harns en Waadhoeke.

Nijsbrief húsfêsting arbeidsmigranten
De gemeente sil geregeld in digitale nijsbrief ferstjoere mei nijs fan de wurkgroep en data fan de groepsynterviews. Wa’t dy krije wol kin dat meidiele yn in mail oan info@waadhoeke.nl.

jannewaris 19, 2019 15:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.