Aant Mulder: Wat in keunst

jannewaris 15, 2019 10:00

Kollum 


Wat in keunst ha we besjen kinnen! Mar dat is dochs net foarby no’t Ljouwert-Fryslân 2018 oer is. Fansels net! Wy ha no ommers de diskusjes oer de ‘legacy’. Dêr dogge de museums oan mei. Dat hat lykwols mear wei fan in diskusje om jild of krekt om minder jild foar te kommen as om keunst. It Frysk Museum tinkt nei oer in nije en tagelyk swevende ferdjipping, dêr’t it sa’n 20 miljoen foar nedich tinkt te hawwen. Museum Belvédère yn ’t Oranjewâld hat twa ton nedich om fuortbestean te kinnen. Museum Dr8888 wol graach de ekstra subsydzje fan 60.000 fan de gemeente hâlde. Ik neam mei opsetsin dy trije museums, om’t dy der hieltyd mear ta dogge, hieltyd mear yndruk op my meitsje.

It Frysk Museum hoech ik eins net te neamen. Wy ha grif hast allegearre de prachtige tentoanstellingen fan Mata Hari, fan Escher, fan Rembrandt en Saskia wol sjoen. Dy lêste eksposysje is noch oan 17 maart ta te besjen. In oanrieder, net allinne om’t we in moai byld krije fan it houlik fan Rembrandt en, ik soe hast sizze, fan ús Saskia, want se kaam ommers fan Ljouwert, mar ek om’t we oan de hân fan prachtige skilderijen besjen kinne hoe’t it doedestiden yn de leafde en yn houliken om en ta gie. It gehiel wurdt treflik yn koarte teksten beskreaun. Wa’t leaver gewoan de bylkjende skilderijen besjocht en dochs tagelyk neat fan it ferhaal misse wol, kin oan de hân fan in audiotoer folslein op ’e hichte reitsje fan it houlikslibben fan Rembrandt en Saskia en dat fan oaren yn de Gouden Iuw.

foto Aant Mulder

Museum Dr8888 en Museum Belvédère hellen minder faak it grutte nijs as it Frysk Museum en dat wylst dêr dochs prachtige dingen te sjen wiene. Yn Museum Dr8888 ha se in foarkar foar alles wat mei De Stijl en mei it ekspresjonisme te krijen hat. It wie dêrom net tafallich dat in grutte dûbeltentoanstelling oer de Dadabeweging ‘Beyond Dada en De Stijl I en II’ yn july/septimber holden waard. Noch moaier wie de útstalling oer it Frysk ekspresjonisme ‘Not afraid of te new’, dy’t no sels langer as bedoeld oan 24 febrewaris ta te sjen is. Wa’t der noch net hinne west hat, kin dat noch hieltyd dwaan. It is in moaie wize om yn ’e kunde te kommen mei of jin fierder te ferdjipjen yn it Frysk ekspresjonisme sa’t de skilders fan ‘Yn ´e line’ dêrmei dwaande wiene.

Museum Belvédère yn it Oranjewâld organisearre ûnderwilens ek prachtige tentoanstellingen. Ik tink oan dy oer skilders as Jan Mankes, Sjoerd de Vries, Boele Bregman en net te ferjitten dy oer Tsjibbe Hooghiemstra ‘Wâldman’, dy’t noch oan 27 jannewaris ta te besjen is. Mar benammen de eksposysje ‘Frysk, 100 jaar schilderkunst in Friesland’ fan 15 desimber oant 14 april is wat my oanbelanget in boppeslach. Der hingje net allinne skilderijen fan skilders dy’t yn Fryslân berne binne, mar ek fan guon dy’t hjir allinne mar wenne en wurke ha of dat noch hieltyd dogge. Dat betsjut dat der tradisjonele wurken hingje, mar ek moderne, figurative likegoed as abstrakte. It giet om grutte nammen, sa’t se sels sizze, en lytse masters. Alles byinoar hingje der mear as hûndert skilderijen. Sels fyn ik it moai om te sjen hoe’t der troch de jierren hinne skildere is. Wat dat oanbelanget hiene dy skilderijen om my wol wat mear yn perioaden yndield wêze kinnen en om my hie der ek wol wat mear ynformaasje by mocht. Ik hie wol wat oer dy skilders lêze en oars wol hearre wollen. In audiotoer hie prachtich west! Earder hie ’k yn Museum Dr8888 al lêst fan in te min oan ynformaasje en dat wie yn Museum Belvédère dus net oars. Ik wit net genôch fan de skilders om sûnder dy ynformaasje te kinnen. Fansels in pear grutte nammen kin ik wol te plak bringe. Tink oan: Jan Mankes. Ids Wiersma, Gerrit Benner, Jan Frearks van der Bij en de oare mannen fan ‘Yn ’e line’.

Dat is tagelyk in bytsje myn krityk. Yn beide museums is in protte te besjen wylst der mar in bytsje ynformaasje foar hannen is. Yn Museum Dr8888 hingje guon tekeningen, etsen en houtfiken yn smelle gonkjes. Yn ’t Wâld ha se hiele samlingen byinoar hongen mei oan in sydkant ien buordsje mei nammen. Dat binne hiele sykopdrachten. Sa fan: tredde rige fan boppen en dan it twadde skilderij fan links. As ik sa myn bêst doch ha ’k in namme en in skilderij, mar noch hieltyd gjin ferhaal. Dochs komt dat noch hielendal goed. Museum Belvédère hat yn ’e mande mei útjouwer Noordboek by gelegenheid fan dizze tentoanstelling in prachtich bylkjend boek útjûn mei deselde namme: Frysk, 100 jaar schilderkunst in Friesland. Konservator Susan van den Berg fan Museum Belvédère hat it skreaun. Yn dat boek stiet wat ik graach witte wol. Nammen fan skilders, wa’t it krekt binne, wat se skildere ha en wêrom’t se dat dien ha en hoe’t har wurken yn de tiid passe. Oant no ta hiene we eins allinne mar dat boek fan Huub Mous De kleur van Friesland, beeldende kunst na 1945, dêr’t in hiele protte tekst yn stiet, mar net folle skilderijen en dêr giet it dochs om. Yn Frysk steane de skilders en har wurk sintraal. Dat guon skilderijen der grut yn steane en dat de skriuwer der in twatalige útjefte fan makke hat, fyn ik hielendal boppeslaggen. Ik ha it boek mei nocht en wille lêzen en besjoen. Ik tink dat ik, no’t ik alles lêzen ha, nochris nei dy eksposysje ta gean.

Mar om werom te kommen op de ‘legacy’ en de fragen om jild. Ik soe dus wolle dat de museums Dr8888 en Belvédère stipe wurde om noch mear moaie tentoanstellingen te meitsjen mei wat mear romte en wat mear ynformaasje. Dat moatte we dochs oan LF2018 oerhâlde kinne of net dan!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 12 jannewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

jannewaris 15, 2019 10:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Ferdinand de Jong jannewaris 15, 14:08

    Yndie in tige muoie Fryske útstalling yn Belvédère! Wat my opfoel, is dat -útsein de âldere tradisjonele skoallen- de toande keunstwurken wat materiaal en foarmentaal oanbelanget, in eigen (Frysk?) karakter hawwe.
    It boek is in ryk besit foar in earmeljus priis.

  2. Ferdinand de Jong jannewaris 16, 10:39

    Muoie=moaie!

  3. Liuwe van der Meer jannewaris 16, 12:07

    Aant Mulder hie de tentoanstelling fan Rembrandt en Saskia better besjen moatten, of yn elk gefal kritysker: se hawwe gjin inkele oandacht foar ús eigen Gysbert Japiks, in blunder fan jawelste. Mar der falt gjin harses oer, blykber wit nimmen mear dat Gysbert Japiks ek yn dit tiidrek libbe. Ik persoanlik fyn it skoof en skande fan in saneamd “Fries Museum”.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.