“WAD” in film, no te sjen yn alle fjouwer filmhuzen yn Noardeast-Fryslân

jannewaris 15, 2019 09:12

De nije gemeente Noardeast-Fryslân is mar leafst fjouwer filmhuzen ryk: Bios Burdaard, Filmhûs Dokkum, Filmhûs Kollum en De Ynset Holwert.

www.wadfilm.nl

It Waad is de natuer en de kust fan de gemeente. Der is dan ek in protte belangstelling foar de film oer it prachtige natuergebiet dêr’t de ynwenners sa grutsk op binne. De kaarten foar de spesjale filmfertoaning yn novimber yn de grutte seal fan Sense yn Dokkum wiene yn tige koarte tiid útferkocht. Dêrom is de film WAD, Overleven op de grens van water en land by de fjouwer filmhuzen fan Noardeast-Fryslân yn jannewaris nochris te sjen.

Filmhûs Dokkum, tiisdei 22 jannewaris oanfang 20.00 oere
Teater Sense, Hegediken 18 Dokkum, www.filmhuis-dokkum.nl

Filmhûs Kollum, freed 25 jannewaris oanfang 21.00 oere
Filmhûs Kollum, sneon 26 jannewaris oanfang 19.00 oere
Oostenburgstrjitte 2 Kollum, reservearje op 0511 – 452282, www.filmhuiskollum.nl

Bios Burdaard, snein 27 jannewaris oanfang 14.00 oere
MFC Het Spectrum, Skoalstrjitte 12 Burdaard, www.mfcburdaard.nl

De Ynset yn Holwert, freed 1 febrewaris oanfang 20.00 oere
MFA De Ynset, De Morgenzon 7 Holwert, www.mfa-holwerd.nl

Noardeast-Fryslân, dat is libje op de grins fan wetter en lân
It Waadgebiet is it iennige Nederlânske natuergebiet dat op de Unesco Wrâlderfgoedlist foarkomt. Ruben Smit, bekend fan De Nieuwe Wildernis 2013, en syn ploech registrearje yn dit unike Nederlânske natuergebiet alle bysûndere natuerfenomen ûnder en boppe wetter, yn alle seizoenen. Mei de nijste filmtechniken, tiidsprongen, drones, mikrofotografy en ûnderwetterkamera’s wit de filmploech de bysûndere natuer fan it Waad út alle perspektiven wei te fangen. Hja jouwe de takskôger de echte sensaasje fan útwrydskens en oerkrêften fan it Waad.

De muzyk fan Martin Fondse en it sjongen fan Nynke Laverman is sfearfol. De begeliedende teksten wurde útsprutsen troch Gijs Scholten van Aschat. De filme skjintme fan it Waad benimt jin de siken, it is ûnwierskynlike natuer. De film is ûnderwilens in Gouden Film mei hûnderttûzen besikers.

jannewaris 15, 2019 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.