Waarpraatsje: Woansdei noch myld

jannewaris 15, 2019 19:24

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waar feroaret stadichoan, mar woansdei is it noch myld.

Yn ’e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en kin it sa út en troch wat storeine. De súdwestewyn is matich, boppe de Iselmar frij krêftich en by de kust lâns krêftich. It wurdt in graad as 5.

Woansdei is de loft ek berûn. Wat storein is net hielendal útsletten. Yn ’e jûn sil it in skoft reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, boppe de Iselmar en by de kust lâns krêftich en miskien wol hurd. It wurdt 7 graden.

Fan tongersdei ôf wurdt it kâlder en kwakkelich waar.

Jan Brinksma

jannewaris 15, 2019 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.