Waarpraatsje: stoarmich

jannewaris 7, 2019 18:38

DE JOUWER – Nei in suterige moandei krije wy in rûzige tiisdei.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei wikselje bewolking en inkelde opklearringen inoar ôf. Der is ek kâns op in pear buien. De wyn komt út it westen oant noardwesten en hellet flink oan. Boppe it fêstelân is de wyn frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar hurd oant stoarmich. Boppedat binne der swiere wynstjitten. It wurdt 5 graden.

Tiisdei wikselje bewolking en opklearringen  inoar op ’e nij ôf en kin der noch in bui falle. De weste- oant noardwestewyn jout him yn ’e rin fan de dei stadichoan wat del. It wurdt 7 graden.

Woansdei bliuwt it, nei alle gedachten, drûch. It is dan in hiel stik rêstiger.

Warskôging: Jûn, fannacht en moarn is der kâns op swiere wynstjitten.

Jan Brinksma

jannewaris 7, 2019 18:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.