Waarpraatsje: stadichoan kâlder

jannewaris 13, 2019 20:00

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hjerstich en wiet wykein, wurdt it yn ’e rin fan ’e nije wike kâlder.

Yn ’e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en kinne der inkelde buien falle. Letter binne der ek wat opklearringen. De noardwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich en yn it Waadgebiet krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Moandei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf, mar der falle ek inkelde buikes, miskien wol mei hagel. De wyn komt út it noardwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. Yn ’e jûn jout de wyn him wat del. It wurdt 5 graden.

Tiisdei bliuwt it, nei alle gedachten, drûch mar it is noch wol frij myld.

Jan Brinksma

jannewaris 13, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.