Waarpraatsje: skiere moandei

jannewaris 6, 2019 19:15

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei ferfeelsum waar yn it wykein komt der foaral tiisdei mear dynamyk yn de atmosfear.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn, mar in inkelde opklearring is wis net útsletten. Der soe sa út en troch in bytsje rein of storein falle kinne. De swakke wyn komt út it westen, letter út it súdwesten. By de kust lâns stiet wat mear wyn. De temperatuer leit, nei alle gedachten, inkelde graden boppe it friespunt.

Moandei is it ek skier en kin der sa út en troch wat storein falle. Letter op ’e dei wurdt de bewolking tsjokker en kin it in skoft reine. Yn ’e jûn falle der inkelde buien. De súdwestewyn hellet oan oant matich of frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. Yn ’e jûn giet de wyn nei it noardwesten en hellet fierder oan. It wurdt oerdei om de 6 graden hinne.

Tiisdei stiet der in stik wyn mei kâns op swiere wynstjitten. It KNMI hat foar Fryslân koade giel ôfkundige.

Jan Brinksma

jannewaris 6, 2019 19:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.