Waarpraatsje: ritich wykein

jannewaris 11, 2019 18:52

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bliuwt skier, myld en ritich. It sil yn it wykein ek net drûch bliuwe.

Yn ’e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en kin der sa út en troch noch wat storein falle. De wyn komt út it westen en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 6 graden.

Sneon is de loft ek berûn en yn ’e middei kin it in skoft flink reine. Jûns falle der inkelde buien. De súdweste- oant westewyn giet yn ’e rin fan de dei nei it westen oant noardwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 7 graden hinne.

Snein feroaret der net folle oan it waar. Der stiet in flink stik wyn, wy sille de sinne net sjen en it bliuwt op ’e nij net drûch. Mei 8 graden is it myld foar de tiid fan it jier.

Takomme wike wurdt it ek noch gjin winter.

Jan Brinksma

jannewaris 11, 2019 18:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.